Hahn am See
| Hahn am See | ||
| Sint-Margaretatsjerke | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| dielsteat | ||
| lânkring | Westerwaldkreis | |
| ferbânsgemeente | Wallmerod | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 397 (2024)[1] | |
| Oerflak | 3,7 km² | |
| Hichte | 404 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 56244 | |
| Koördinaten | 50° 31'N 7° 53'E | |
| Offisjele webside | ||
| hahn-am-see.de | ||
| Kaart | ||
Hahn am See is in Ortsgemeinde yn 'e Westerwaldkreis yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak heart by de ferbânsgemeente Wallmerod. De gemeente leit yn it Westerwâld tusken Montabaur en Hachenburg. Under Hahn am See falt ek it Ortsteil Niederhahn.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hahn am See waard foar it earst yn 1374 neamd en leit oan ien fan 'e âldste diken fan Dútslân. De Hohe Straße (de hjoeddeiske B8) datearret út de tiid foar it Grutte Folksferfarren.
Yn it lêst om 1455 hinne stie der in kapel yn it doarp. De memmeparochy wie Salz, dêr't Hahn him yn 1580 fan ôfskuorde. De tsjerke waard yn 1726 op 'e nij boud. It doarp hie sûnt 1786 ek in nôt- en oaljemûne, de Spiesmühle.

Doe't der yn 1870 in slim wettertekoart wie, waard yn Hahn am See in put oanlein, dy't mei help fan in natuerlike boarne de wetterfoarsjenning foar de befolking fersoarge. De âlde boarne is oant de dei fan hjoed bewarre bleaun en bliuwt wetter jaan.
Op 1 maaie 1980 waard de gemeente omneamd fan "Hahn bei Wallmerod" nei "Hahn am See".
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sint-Margaretatsjerke mei in barokke ynrjochting.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
