Hagia Sofia (Trabzon)

Ut Wikipedy
Hagia Sofia

Ἁγία Σοφία / Ayasofya

bouwurk
lokaasje
lân Turkije
plak Trabzon
adres Fatih, Zübeyde Hanım Cd., 61040 Ortahisar
bysûnderheden
type bouwurk oarspronklik tsjerke, dêrnei moskee; tsjintwurdich museum
boujier 1238-1263
boustyl Byzantynske arsjitektuer

De Hagia Sofia of Aya Sofia (Gryksk: Ἁγία Σοφία, dat oersets Hillige Wiisheid betsjut; Turksk: Ayasofya) wie oarspronklik in tsjerke en letter in moskee en museum yn Trabzon yn it easten fan Turkije. It monumint leit wat bûten it sintrum fan de stêd en giet werom op de 13e iuw, doe't Trabzon de haadstêd wie fan it Gryksk-byzantynske keizerryk Trebizonde. De tsjerke wurdt omskreaun as ien fan de moaiste foarbylden fan byzantynske arsjitektuer en waard nei in fûle striid op oanhâldend oantrunen fan de Turkske oerheid yn 2013 wer in moskee.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Hagia Sophia waard yn de jierren 1238-1263 ûnder it bewâld fan Manuel I boud yn it doedestiidske Keizerryk Trebizonde. Nei alle gedachten foarme de tsjerke ûnderdiel fan it kelaster dat dêrnjonken lei. Yn 1427 bouden handlers út Genua by de tsjerke in frijsteande klokketoer. De toer, dy't ek brûkt waard foar de astronomy, is dekorearre mei in soad fresko's.

Byzantynske earn oan de muorre

De oermastering fan de stêd troch de Ottomaanske sultan Mehmet II op 26 oktober 1461 betsjutte it ein fan de lêste byzantynske steat yn Anatoalje. Om't de tsjerke bûten de stedsmuorren lei waard de tsjerke noch net fuortendaliks omboud ta moskee. Dat barde pas in iuw letter, yn 1584. By de ombou fan de tsjerke ta in moskee ferdwûnen de fresko's fan de tsjerke ûnder in laach witerskalk.

Fanwegen de net sa sintrale lizzing fan de moskee rekke it gebou yn de rin fan de tiid yn ferfal. Yn 1864 waard foar it earst in restauraasje útfierd troch Riza Efendi út Bursa. Doe de Russen yn it begjin fan de 20e iuw oermasteren tsjinne de moskee tydlik as hospitaal en foar opslach.

Sûnt de foltôging fan in restauraasje yn 1964 wie de Hagia Sofia in museum en krige it de namme Ayasofya Müzesi. De fresko's dy't doe foar it ljocht helle waarde binne unike foarbylden fan de byzantynske paleologyske renêssânse. De tún fan de Hagia Sofia is ornearre foar âlde fynsten en ottomaanske grêven fan û.o. bekende persoanen. [1] Yn de jierren 2010 lansearre de Turkske oerheid in kampanjne om byzantynske tsjerken dy't in museumfunksje krige hiene te feroarjen yn moskeeën. Yn 2013 waard in diel fan de tsjerke wer in moskee.

Yn 2015 die de út de omkriten ôfkomstige Gryksk-Russyske sakeman Ivan Savvidis it útstel om fan eigen jild foar de moslims in nije moskee yn Trabzon te bouwen en de nijbou oer te dragen oan de stêd, as dêrmei de Hagia Sofia de oarspronklike funksje as tsjerke werom krije soe.[2] Dochs bleau de Hagia Sofia in moskee en yn 2017 waarden plannen bekend fan de oerheid om de Hagia Sofia te restaurearjen. Underdiel fan de restauraasje wie ek it oanbringen fan in elektronysk systeem dat foar de muorren set wurde kin om de kristlike fresko's op gebedstiden te ferbergjen.[3]

Striid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Symboalen fan de evangelisten yn it ferwulft fan de narteks'

Sûnt de AKP, de partij fan Recep Tayyip Erdoğan, it Turkske regear foarmet is de rop om âlde byzantynske tsjerken om te foarmjen ta moskeeën tanommen. It regear spilet in aktive rol yn de islamisearring fan de âlde monuminten. Yn 2012 sei fize-premier Bülent Arınç der nei te stribjen om fan de Hagia Sofia yn Trabzon wer in moskee te meitsjen. Neffens him besette it Ministearje fan Kultuer en Toerisme de tsjerke yllegaal en koe der foar de eardere tsjerke gjin oare funksje as in islamityske gebedshûs bestean. Nei't earder yn 2011 al de Hagia Sofia fan Nicea (İznik) as tsjerke mei in hege symboalyske wearde yn de skiednis fan it Kristendom troch de Turkske autoriteiten yn in moskee omfoarme wie, [4] waard yn april 2013 de Hagia Sofia fan Trabzon nei in lange juridyske striid tawiisd oan de islamityske stifing "Sultan Mehmet". Protesten út binnen- en bûtenlân wiene om 'e nocht en mei in gebedstsjinst waard de tsjerke noch foar de Ramadan as moskee yn gebrûk nommen. [5]

De islamisearring fan it gebou hie fan gefolgen dat in diel fan de kristlike fresko's efter gerdinen ferstoppe waarden, wylst de âlde klokketoer as minaret yn gebrûk nommen waard. De Turkske Assosiaasje fan Argeologen wie poerlilk en liet witte: "de ferneatiging fan it eigendom fan in museum as de Hagia Sofia, dat tafoege wurde kin oan it wrâlderfgoed, is in misdie tsjin de kultuer en it minskdom". Tsjinstanners beskuldigen it regear dat it de frijheid fan godstsjinst beheinde ta de frijheid fan de soennytyske moslims.[6].

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De eardere tsjerke foarmet in wichtich foarbyld fan de let-byzantynske arsjitektuer. De tsjerke hat in hege sintrale koepel, dy't op fjouwer troch massive pylders droegen bôgen rêst. Under de koepel is de flier bedutsen mei in kleurryk mozaïek fan opus sectile. Troch de portiken op it noarden en suden kriget it monumint in krúsfoarmich grûnplan. De Hagia Sofia is 22 meter lang, 11,6 meter breed en 12,7 meter heech. Westlik fan de tsjerke stiet in 40 meter hege klokketoer út 1427, wêrfan't it ynterieur ek mei fresko's is fersierd. De fresko's stellen foar it grutste part nij-testamintyske sènes foar en waarden yn de jierren 1958-1964 troch saakkundigen fan de Universiteit fan Edinburgh yn gearwurking mei de oerheid restaurearre. De fersierings op de bûtenmuorren ferwize nei lokale tradysjes fan Armeenske en Georgyske tsjerken.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: