Hagekrûpers
Hagekrûpers | ||
![]() | ||
Nettelkrûper (Sylvia atricapilla) | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
ûnderskift: | sjongfûgels (Passeri) | |
boppefamylje: | Sylvioidea | |
famylje: | hagekrûpers (Sylviidae) | |
Leach, 1820 |
De hagekrûpers (Sylviidae) binne in famylje yn it skift fan de moskeftigen (Passeriformes). Earder waarden de Sylviidae sjoen as yn hiel grutte famylje dy 't ûnder oaren ek de imerkesjongers, reidsjongers, bosksjongers en goudtoefkes omfatte, en as sjongers oantsjut waard. De oare groepen foarmje tsjintwurdich likwols aparte famyljes, resp. Locustellidae, Acrocephalidae, Phylloscopidae en Regulidae. Oant koartlyn sieten alle hagekrûpers in ien inkel skaai, Sylvia, mar de measte foarmje no in apart skaai Curruca. De famylje telt 33 soarten.
De hagekrûpers libje yn de bosken en tichte strûken, guon soarten komme ek graach by de minsken yn de tún. Sy binne faak wer te kennen oan harren lúde en karakteristike sjongen.
Klassifikaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Famylje: hagekrûpers (Sylviidae)
- Skaai: "nettelkrûpers" (Sylvia), 6 soarten:
- Soarte: nettelkrûper (Sylvia atricapilla)
- Soarte: túnsjonger (Sylvia borin)
- Soarte: (Sylvia dohmi)
- Soarte: (Sylvia nigricapillus)
- Soarte: (Sylvia abyssinica)
- Soarte: (Sylvia atriceps)
- Skaai: "hagekrûpers" (Curruca), 27 soarten:
- Soarte: streekte hagekrûper (Curruca nisoria)
- Soarte: (Curruca layardi)
- Soarte: (Curruca boehmi)
- Soarte: (Curruca subcoerulea)
- Soarte: woastyntoarnhipperke (Curruca minula)
- Soarte: toarnhipperke (Curruca curruca)
- Soarte: berchtoarnhipperke (Curruca althaea)
- Soarte: brune hagekrûper (Curruca lugens)
- Soarte: Jemenityske hagekrûper (Curruca buryi)
- Soarte: Arabyske hagekrûper (Curruca leucomelaena)
- Soarte: westlike orfeussjonger (Curruca hortensis)
- Soarte: eastlike orfeussjonger (Curruca crassirostris)
- Soarte: Kaspyske hagekrûper (Curruca deserti)
- Soarte: Saharahagekrûper (Curruca nana)
- Soarte: Atlashagekrûper (Curruca deserticola)
- Soarte: tamariskhagekrûper (Curruca mystacea)
- Soarte: swartkielhagekrûper (Curruca ruppeli)
- Soarte: Sypryske hagekrûper (Curruca melanothorax)
- Soarte: readeachnettelkrûper (Curruca melanocephala)
- Soarte: Ibearyske burdhagekrûper (Curruca iberiae)
- Soarte: Moltonihagekrûper (Curruca subalpina)
- Soarte: burdhagekrûper (Curruca cantillans)
- Soarte: hagekrûper (Curruca communis)
- Soarte: brilhagekrûper (Curruca conspicillata)
- Soarte: Sardynske hagekrûper (Curruca sarda)
- Soarte: Provensaalske hagekrûper (Curruca undata)
- Soarte: Balearyske hagekrûper (Curruca balearica)
- Skaai: "nettelkrûpers" (Sylvia), 6 soarten: