Hagedisiisfûgel
| Hagedisiisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Todiramphus saurophagus | ||||||||||||
| Gould, 1843 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De hagedisiisfûgel (Todiramphus saurophagus) is in iisfûgelsoarte, dy 't oan 'e kusten fan East-Yndoneezje, Nij-Guineä en de Salomonseilannen foarkomt. It soartspesifike diel fan 'e wittenskiplike namme, saurophagus, betsjut "hagedisiter", dêrfandinne de namme "hagedisiisfûgel".
Werkenning
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is in gruttere iisfûgel fan 28 sm lang mei in wite kop, in wyt boarst, in wite búk en in wite rêch. Efter it each hat de fûgel in lyts smel swart streekje. Allinnich de wjukken en de sturt binne blaugrien en it ûnderste diel fan 'e rêch is grien.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wurde trije ûndersoarten ûnderskieden. De nominaatfoarm hat it grutste ferspriedingsgebiet.
- Todiramphus saurophagus saurophagus: fan 'e Noard-Molukken oant de Salomonseilannen.
- Todiramphus saurophagus anachoreta: Ninigo-eilannen noardlik fan Nij-Guineä.
- Todiramphus saurophagus admiralitatis: Admiraliteitseilannen.
De iisfûgel is in typyske bewenner fan rotseftige kusten, dy't allinnich of yn pearkjes de mangrovebosken, strannen en kokospalmplantaazjes bewennet.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der siket de fûgel nei krabben, hagedissen, fisk en ynsekten. Hy briedt yn beamholtes.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet. Net bekend is hoe grut de populaasje is, mar oannommen wurdt dat dy stabyl is. Dêrfandinne wurdt de hagedisiisfugel op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre (2024).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
