Springe nei ynhâld

Hagåtña

Ut Wikipedy

Hagåtña (útspr.: [hæˈɡɑtɲæ], likernôch: "heh-gaat-njeh"; Spaansk: Agaña; Ingelsk: Agana) is it haadplak fan Gûam, in ûnynkorporearre territoarium fan de Feriene Steaten yn it westlike part fan 'e Stille Oseaan. Al foar de kolonisaasje fan Gûam troch de Spanjerts yn 1565 wie it in prominint doarp op it eilân. Fan 'e achttjinde oant de midden fan 'e tweintichste iuw wie Hagåtña it grutste plak op Gûam, mar tsjintwurdich is it it op ien nei lytste doarp, mei 943 ynwenners yn 2020. Nettsjinsteande dat is it noch altyd de sit fan it regear en it kommersjele sintrum fan it eilân.

Dit artikel is in stobbe oer plak en as gemeente‎.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.