Haersmastate (Jelsum)

Ut Wikipedy

De Haersmastate of Harinxmastate wie in eardere state yn Jelsum, gemeente Ljouwerteradiel. Fan de state is neat werom te finen.

De state wurdt foar it earst neamd yn 1640. Van der Aa meldt yn syn "Aardrijkskundig woordenboek : "HAERSMA, Haarsma, waarschijnlijk dezelfde state die, welke op de kaart van Schotanus, Harinxma geheeten wordt, voorm. state, prov. Friesland, kw. Oostergoo, griet. Leeuwarderadeel, arr., kant. en 1 u. N. van Leeuwarden, 5 min. N. van Jelsum, waartoe zij behoorde.
Ter plaatse, waar deze state gestaan heeft, ziet men thans eene gewone boerenplaats. De daartoe behoorende gronden, eene oppervlakte beslaande van 4 bund. 4 v. r., worden thans in eigendom bezeten door Vrouwe Anna Frederica van Vierssen, echtgenoot van den Heer Cornelis Martinus de With, woonachtig te Buitenpost.

Ut de stim- en floreenkohieren fan Jelsum blykt wa't de eigeners fan de slotpleats wienen. Dy sille grif ek de eigners fan de state west hawwe. Neffens de "Stads- en Dorpskroniek" fan dr. Wumkes biede sekretaris Hector Livius fan Haersma en Hessel Tiedes tegearre op 15 novimber 1758 it bûten te hier oan.

Hoe lang of't de state nei dy tiid noch stien hat, hat H. de Jong, skriuwer fan it boek "Jelsum troch de tiden hinne" net fine kind. De hear G. Abma fermeldt yn “Ljouwerteradiel” dat yn april 1846 de earste stien lein waard oan de hjoeddeiske pleats Haersma State. Dy pleats stiet wol op it terrein fan de state mar net op it steed dêr't it hûs stien hat.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1640 kolonel Kniphuizen
  • 1698 Albertine de Schepper, widdo fan Oerste Luitenant Plettenburgh
  • 1700 idem
  • 1708 Hector Livius fan Haersma
  • 1718 Riedshear Livius fan Haersma
  • 1728 widdo Fan Haersma
  • 1738 Majoar Eelco fan Haersma en Riedshear Aulus fan Haersma erven
  • 1748 Untfanger-Generaal Eelco fan Haersma en Riedshear Aulus fan Haersma erven
  • 1758 Sekretaris Hector Livius fan Haersma en Hessel Tiedes
  • 1788 grytman Hector Livius fan Haersma (1737-1820)
  • 1798 H.L. van Haersma en Jan en Tiede Hessels
  • 1818 H.L. van Haersma
  • 1826 – 1853 frou Van Vierssen-Haersma en H.L. van Haersma
  • 1853 – 1856 Van Vierssen
  • 1856 – 1871 frou Van Haersma de With-van Vierssen
  • 1871 – 1912 fam. Van Haersma de With
  • > 1912 St. Anthony Gasthûs yn Ljouwert

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: