Haensmole

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Haensmole yn 2009

De Haensmole is in poldermole en ryksmonumint noardeast fan Grou yn de eardere gemeente Boarnsterhim.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Haensmole waard nei alle gedachten yn de 18e iuw boud foar it bemeallen fan de polder de Gallelannen. It krekte boujier fan de spinnekopmole is lykwols ûnbekend.

Yn it earstoan stie de Haensmole op de hoeke fan de Pikmar en it Prinses Margrietkanaal. Mar op 9 jannewaris 2004 waard hy troch it út de koers rûne binnenfeartskip Renasa hast finaal ferwoaste. Dêrnei waard troch de provinsje Fryslân, dy't de mole yn eigendom hie, besletten him te werbouwen oan de noardwestside fan de polder De Burd, tichtby de Biggemar. De fernijde Haensmole waard op 12 maaie 2008 iepene. Hy bemealt no in simmerpolder fan 70 bunder. Nei de werbou waard de mole troch de provinsje skonken oan de Stifting Moles De Lege Midden.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]