Habitatfragmintearring

Habitatfragmintearring of habitatfragmintaasje, ek wol habitatfersnipeling neamd, is in foarm fan habitatferlies wêrby't it habitat fan in beskaat organisme oantaast wurdt oant der inkeld noch losse stikjes en brokjes fan oer binne. Sokke fragminten binne faak te lyts om in libbensfetbere populaasje fan it oanbelangjende organisme te ûnderstypjen.
Stadia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fiif stadia fan habitatfragmintearring binne:
- ferlytsing fan it totale oerflak fan in habitat;
- fergrutting fan 'e râne fan in habitat (dy't faak minder gaadlik is foar it organisme dat it habitat bewennet) trochdat habitatferlies op ferskate plakken djipper yn it habitat trochkringt;
- ferlytsing fan 'e kearngebieten fan it habitat;
- isolaasje fan in fragmint fan it gruttere habitat;
- opspjalting fan in fragmint yn lytsere fragminten;
- ferlytsing fan it trochsneed oerflak fan elts fragmint.
Oarsaken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Habitatfragmintearring wurdt almeast feroarsake troch de minske. Foar in diel is de minske dêrby direkt ferantwurdlik, bygelyks yn it gefal fan urbanisaasje, ûntbosking foar de houtkap of om 'e lânbou te skewielen of miljeufersmoarging troch yndustry of mynbou. Mar it kin ek wêze dat minsklike aktiviteiten yndirekt foar habitatfragmintearring soargje, lykas by klimaatferoaring, dêr't de minske ommers ek de einferantwurdlike foar is. Der besteane lykwols ek dingen dy't habitatfragmintearring feroarsaakje dy't neat mei de minske te krijen hawwe, lykas geologyske en klimatologyske prosessen dy't it lânskip feroarje, lykas ierdbevings en tektonyk, resp. ferwoastining.
Gefolgen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gefolgen fan habitatfragmintearring binne populaasjefragmintearring en ekosysteemferfal. By populaasjefragmintearring falt in populaasje fan in beskaat organisme útinoar yn lytse partsjes dy't gjin kontakt mear mei-inoar ûnderhâlde. De ôfsûnderlike dielen binne faak te lyts om in selsstannige, sûne populaasje te ûnderstypjen, wat liede kin ta yntylt en sels ta it útstjerren fan in soarte. By ekosysteemferfal rekket in hiel ekosysteem sa oantaast troch de fragmintearring dat it net mear (goed) funksjonearje kin.
Oplossings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Habitatfragmintearring kin tsjingien wurde troch lytse oerbleaune restanten fan wyldernis of ferskate lytsere natoergebieten mei-inoar te ferbinen troch it tuskenlizzende lân der oan ta te foegjen. Soks wurdt wol habitatûntsnipeling neamd. In oare oplossing is om ferskate fragminten mei-inoar en/of mei in grutter natoergebiet te ferbinen troch de ynstelling fan ekologyske ferbiningssônes.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |