Springe nei ynhâld

Habitatferlies

Ut Wikipedy
Tropysk reinwâld platbaarnd om romte te meitsjen foar nije lânbougrûn yn súdlik Meksiko.

Habitatferlies, ek wol oantsjut as habitatreduksje of habitatferneatiging, is de ynkrimping fan natuerlike habitats, mei as gefolch dat soarten floara en fauna yn 'e knipe komme en bioferskaat ferlern giet. Habitatferlies hâldt in yngeande feroaring fan it lânskip yn en wurdt ornaris direkt of yndirekt feroarsake troch de minske. In bysûndere foarm fan habitatferlies is habitatfragmintearring, wêrby't wol lytse stikjes en brokjes natuerlik habitat oerbliuwe, mar net mear mei-inoar yn ferbining steane. In protte wylde bisten hawwe der dan likegoed net folle mear oan, om't yn sokke lytse gebieten gjin libbensfetbere populaasjes bestean kinne.

Habitatferlies en habitatfragmintearring binne faak in direkt gefolch fan minsklike aktiviteiten. Men kin dan tinke oan it platbaarnen fan tropysk reinwâld om romte te meitsjen foar nije lânbougrûn, it oanlizzen fan minen, wetterfersmoarging troch it loazen fan yndustrieel ôffal yn rivieren, it 'rispjen' fan wâlden foar de houtkap en it útwreidzjen fan stêden. Mar it kin ek in yndirekt gefolch fan minsklik hanneljen wêze as it komt troch bygelyks klimaatferoaring, in ferskynsel dat op himsels ommers ek troch de minske feroarsake wurdt.

Njonken de yntroduksje fan ynvasive eksoaten (in oar foarbyld fan 'e negative ynfloed dy't minsklik hanneljen op 'e natoer hawwe kin) is habitatferlies de wichtichste oarsaak fan 'e wrâldwide efterútgong fan in hiel protte soarten bisten en planten. It liedt almeast ta in hommelse delgong yn 'e populaasjegrutte fan beskate soarten en as it om in soarte giet dy't al ûnder druk stiet of dy't mar in hiel lyts ferspriedingsgebiet hat, kin útstjerren de útkomst wêze.

Neffens in artikel dat yn 2009 yn it tydskrift Nature ferskynde[1] hawwe fan ferskate kategoryen natuerlike biotopen benammen gersflakten (57% ferlies), tuskenbeiden wâlden (48%) en mangrovebosken (37%) slim ûnder habitatferlies te lijen. Foar tropyske reinwâlden en oare tropyske bosken lei dat sifer op 30% en foar koraalriffen op 20%. De taiga kaam der noch it bêst fanôf, mei mar 2% habitatferlies.

Inkele foarbylden fan bisten dy't troch habitatferlies yn 'e swierrichheden rekke binne, binne de tiger (Panthera tigris), de sjimpansee (Pan troglodytes), de blaukielara (Ara glaucogularis) en de Sineeske rivierdolfyn (Lipotes vexillifer).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Turner, W.R., Oppenheimer, M. en Wilcove, D.S., A Forde to Fight Global Warming, yn: Nature, 462 (7271): 278–279.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.