Springe nei ynhâld

Habermann (film)

Ut Wikipedy
Habermann
film
makkers
regisseur Juraj Herz
produsint Karel Dirka
senario Jan Drbohlav en Juraj Herz
spilers
haadrollen Mark Waschke,
Karel Roden,
Ben Becker
skaaimerken
lân/lannen Dútslân
Eastenryk
Tsjechje
premiêre 2010
foarm langspylfilm
sjenre drama; oarloch
taal Dútsk, Tsjechysk
spyltiid 104 minuten

Habermann (Tsjechysk: Habermannův mlýn) is in Dútsk-Eastenryksk-Tsjechyske filmproduksje út 2010. De histoaryske film giet oer de skiednis fan de ûndernimmer en Sudetendútser August Habermann yn de Twadde Wrâldkriich en is basearre op de roman Habermanns Mühle (Tsjechysk: Habermannův mlýn) fan de Tsjech Josef Urban.

August Habermann hie yn de jierren 1930 de lieding oer in houtseagerij. Op de houtseachmûne fan de Folksdútser, in echt famyljebedriuw, wurken net allinnich Dútsers mar wiene ek in soad wurknimmers fan Tsjechysk komôf. Habermann hie in soad oansjen yn it doarp en troude krekt foar de Dútske ynfal yn 1938 mei de kreaze frou Jana. Hja wie by de nonnen grut brocht en tawijd katolyk, mar wat hja sels net wit is dat har heit fan joadske komôf wie en dat hja neffens de rassewetten fan de nazy's offisjeel as in healjoad klassifisearre waard.

Fan ôf it momint dat it Tredde Ryk it Sudetelân heim ins Reich hellet, komt der in ein oan it fredige bestean yn it doarp. Mei de komst fan Sturmbannführer Koslowski brekt in perioade fan ferdieling en geweld oan. Der ûnstiet yn de mienskip in djippe kleau en Habermann, dy't net ynteresearre is yn polityk, komt tusken de fronten fan de ferskate groepen te stean. Foar de nazy's jildt Habermann as ien dy't it mei de Tsjechen hâldt en foar de Tsjechen is Habermann in besetter woarn.

Nei't de nazy's ferdreaun binne, folget der in nije weach fan geweld en no foarmje de Tsjechen de dieders en de Sudetendútsers it slachtoffer. It ûnrjocht tsjin de Sudetendútsers is in tema dat mei ferfilming fan de roman fan Josef Urban foar it earst op it wite doek breder omtinken krige.

  • Bayerischer Filmpreis (bêste regy en bêste akteur) [1]
  • Earste priis fan it Jewish World Film Festival 2010.[2]
  • Underskieden mei it "Prädikat Besonders Wertvoll" fan de Deutsche Film- und Medienbewertung.[3]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]