Haastearn
| haastearn | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Hieraaetus moorei † | ||||||||||||
| (Haast, 1872) | ||||||||||||
| IUCN-status: útstoarn | ||||||||||||
De haastearn of Haasts earn (Hieraaetus moorei) is in no útstoarne earn dy't endemysk wie foar Nij-Seelân. De fûgel wie de grutste bekende earn dy't ea libbe hat.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De haastearn hie in spanwiidte fan trije meter en in gewicht fan mear as tsien kilogram, mooglik oant 18 kilogram. De wyfkes fan 'e harpij weagje yn ferliking dêrmei sa'n acht kilogram. De fûgel jage benammen op 'e no útstoarne moä's en der wurdt leaud dat er sawat tagelyk mei dy fûgels útstoarn is.
Utstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjin 'e midden fan 'e 14e iuw wie it measte fan it leechlânhabitat fan 'e earn ferneatige, mar der wurdt tocht dat de fûgel noch de 16e en miskien de 17e iuw oerlibbe hat. De fûgel stoar nei alle gedachten likernôch 200 jier nei de komst fan 'e Maory út. Der binne spekulaasjes dat de fûgel mei opsetsin troch de Maory útroege is. De minsken soene de grutte machtige, op rinfûgels jeiende fûgel as in bedriging besjoen ha. Njonken de jacht wurdt ek tocht dat it útstjerren fan syn proaien, de moä's, in rol spile hat.
Systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foarhinne waard de fûgel yn it eigen skaai Harpagornis set. De fernuvering wie grut doe't út DNA-ûndersyk bliken die dat de haastearn tige nei besibbe is oan ien fan 'e lytste earnen fan 'e wrâld, de Hieraaetus morphnoides. Dy lêste fûgel libbet yn Austraalje en op Nij-Guineä. Dêrom wurdt de haastearn hjoed-de-dei yn it skaai Hieraaetus set. Earder ha der ek spekulaasjes west dat de fûgel besibbe wie oan 'e kylsturtearn (Aquila audax), ek ien fan 'e grutste earnen fan 'e wrâld.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
