Springe nei ynhâld

Hünstetten

Ut Wikipedy
Hünstetten
FlaggeWapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Hessen
Lânkring Rheingau-Taunus-Kreis
Sifers
Ynwennertal10.452 (31.12.2020)
Oerflak50,56 km²
Befolkingstichtens207 / km²
Hichte377 m
Oar
TiidsôneUTC+1
SimmertiidUTC+2
Koördinaten50° 13´N 8° 10´E
Websidehünstetten.de

Hünstetten is in gemeente yn de Rheingau-Taunus-Kreis yn de Dútske dielsteat Hessen. De gemeente wurdt fanút Wallbach bestjoerd. Hünstetten is in lanlike gemeente en de measte minsken wurkje bûten de gemeentegrinzen, fral troch de goede ferbinings yn it Rhein-Main-Gebiet.

Hünstetten leit yn de Taunus noardlik fan de belangrykste berchkaam tusken Limburg an der Lahn en Wiesbaden.

De gemeente bestiet út tsjien plakken, wêrfan't Ketternschwalbach neffens ynwennertal it lytst is en Wallrabenstein mei goed twatûzen ynwenner it grutst.

WapenPlakYnwennertal
Bechtheim900
Beuerbach1169
Görsroth1703
Kesselbach1043
Ketternschwallbach464
Limbach670
Oberlibbach713
Strinz-Trinitatis926
Wallbach1089
Wallrabenstein2056
MeiïnoarHünstetten10733

Fynsten út de tiid fan de Michelsbergkultuer yn de omkriten fan Beuerbach tsjûgje fan in bewenning sûnt de stientiid fan 4400 f. Kr. oant 3500 f. Kr.

Yn it ramt fan de weryndielings yn de dielsteat Hessen ûntstie op 31 jannewaris 1971 de gemeente Hünstetten út de earder selstannige gemeenten Beuerbach, Kesselbach, Ketternschwalbach, Limbach, Strinz-Trinitatis en Wallbach. De oare plakken moasten mei yngong fan 1 jannewaris 1977 harren selstannigens opjaan. Yn it sintraal lizzende Wallbach waard in nij gemeentehûs boud.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De boarch Wallrabenstein

Yn it jier 2020 sette de gemeente it "Hünstetter Kulturpfad" út. De kuierrûte, weryn't alle plakken fertsjintwurdige binne, liedt de dielnimmers nei kultureel weardefolle saken fan de gemeente. Fan de goed sechtich monuminten fan de gemeenten binne fjirtich yn rûte opnommen. Njonken monuminten bringt de rûte de dielnimmers ek nei de moaiste stikjes natoer fan de gemeente.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.