Huzinge Olterterp

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Hûs Olterterp)
Jump to navigation Jump to search
Huzinge Olterterp yn Olterterp by De Sweach
Huzinge Olterterp tusken 1900 en 1940
De Tolve Apostels, 1907

Wat no Huzinge Olterterp hjit, is fan âlds it wenstee fan de famylje Boelens. Sûnt wannear is net bekend, mar foar 1543 spaant hjir al in Sjoerd Boelens om en yn de earste helte fan de 17e iuw wennet hjir de doarpsrjochter Boelardus Boelens.
De lêstneamde wie net in sljochtwei lâneigener-boer. Dat docht bliken út syn houlik mei in dochter fan de siktaris fan Frjentsjer neffens [keunstskilder en fean-eigener) Macadan. Troch houlik mei de Hemminga’s en Lycklama’s hat de neiteam fan Boelardus it grûnbesit aardich útwreide yn Olterterp en Beets. Soks wie fan ynfloed op it oansjen fan de famylje, op de macht yn doarp en gritenij - en dat betsjutte beneamberens yn bestjoerlike funksjes sawol as de begearlikens fan de dochters as houlikspartner. In baron Van Lynden (letter op Lyndenstein op’e Sweach ferovere sa’n dochter en dêrmei op’en doer gâns kultuerlân yn Ald Beets en leechfeanlân yn wat no Nij Beets hjit.

Oantinkens oan de famylje binne rouboerden en grêfsarken yn de Olterterper tsjerke, de tinkstien oangeande in skinking fan 500 gûne ta de bou fan de Olterterper toer (yn 1744), de gritenijkaart fan Smellingerlân fan de lânmjitter Broer Boelens (yn de atlas fan Christiaan Schotanus), in tal grêfstiennen op it Aldhôf oan de Olterterper Feart en fansels: it hûs yn it park.

Oant yn it begjin fan de 20e iuw stie dêr noch in “buitenhuis” yn de 18e-iuwske styl, yn in troch túnarsjitekt Roodbaard tekene park, dat mei syn fivers (fan it hûs út sjoen) de yllúzje oproppe moast fan in steatlik bosklânskip oan de bocht fan in beekje - mei destiids útsjoch op in iepen kamp, mei dêrefter in fiver en de (no net mear komplete ) “Tolve Apostels”, in faak op ansichten fêstleine beammegroep.
It wie yn de 19e iuw al yn haadsaak in simmerwente: de famylje Boelens hie winterwenten op’e Sweach (no it gebou fan sosjale saken) en yn Ljouwert. En de famylje Sandberg - om 1900 hinne eigener en bewenner - hat yn 1912 in nije fila op it stee bouwe litten (in neef wie arsjitekt), dy’t alhiel op simmerbewenning berekkene wie: in kâld en damp hûs, oant der sintrale ferwaarming kaam. Fan de âlde tastân bleau lange jierren in teekoepel oer op in berchje mei ryklik “leliën der dalen” oan de rydwei en de trambaan nei Drachten. Doe’t de famylje Sandberg - yn 1913 noch by steat om de Olterterper tsjerke restaurearje te litten - it net mear foarinoar hâlde koe, kaam it hiele besit yn hannen fan de “Algemene Friese” (no:Aegon) en it hûs krige in wikseljende bestimming. Der hat in kantonrjochter wenne en in Grinzer medikus, yn’e oarloch hat der in bernetehûs west en in “Mutterheim” (dêr’t “grijze muizen” bern op’e wrâld setten en de frijbliuwende heiten fan kleare wille kûgels troch de glêzen skeaten).

Yn 1954 krige it hûs in funksje as “streeksintrum” foar de Wâlden, mei yn’e rêch de stipe fan de gemeente Opsterlân foar it ûnderhâld fan it park. Ferskate ynstânsjes krigen hjir har kantoar, mei gebrûk fan de gearkomsteromte. Te neamen binne: de Wâldekommisje fan de Fryske Akademy, de Vorming Bedrijfsjeugd, it Industrieschap Oostelijk Friesland, de SBBN (Stifting buert- en doarpshuzen), it Provinsjaal Planburo, de Opsterlânske Kultuerried, de ruilferkaveling Koningsdiep en úteinlik It Fryske Gea, dat sûnt ein 1980 it hiele gebou yn gebrûk hat, oant en mei de bijestâl efter yn’e tún.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dr. J.J. Spahr van der Hoek - nijsbrief fan It Fryske Gea (1985)