Springe nei ynhâld

Hûpe

Ut Wikipedy
hûpe
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftnoashoarnfûgeleftigen (Bucerotiformes)
famyljehûpefûgels (Upupidae)
skaaihûpen (Upupa)
soarte
Upupa epops
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

epops- & senegalensis/waibeli:
     simmerfûgel
     stânfûgel
     wintergast


africana:
     stânfûgel
ferspriedingsgebiet Madagaskarhûpe
    


De hûpe (Upupa epops) is in fûgel út de famylje fan 'e hûpefûgels (Upupidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1758 publisearre troch Carolus Linnaeus.

Fûgel yn súdeast Turkije.

De hûpe is maklik te werkennen oan it readbrune fearrekleed en de lange túf mei swarte punten, dy't opset wurde kin as de fûgel him opwynt. De sturt en de wjukken binne swart en tekene mei brede wite streken. De snaffel is lang en tin. In opfallend skaaimerk is de sterke stank dy't it bist ferspriedt; dat komt oan 'e iene kant om't it nêst nea skjinmakke wurdt (itensresten en dong bliuwe efter) en oan 'e oare kant om't it wyfke in klier hat oan 'e basis fan har sturt (de stútklier), dy't yn 'e briedtiid in swiere stank ferspriedt. De fûgel hat dêrfandinne de bynamme drekhoanne. De rop fan 'e hûpe klinkt as hûp, hûp, en hoewol't de rop net lûd is, is dy dochs op grutte ôfstân te hearren. De lingte bedraacht 26 oant 28 sm en it gewicht is sa'n 75 gram.

De hûpe komt foaral foar yn it tuskenbeide en subtropyske diel fan Europa, fan iepen bosk oant gerssteppes en woastyneftich biotoop. It Ibearysk Skiereilân is fierwei it wichtichste briedgebiet. Hûpen wurde fral yn stienrike gebieten oantroffen, op muorren en om ruïnes hinne. Se oerwinterje yn Súd-Jeropa en Afrika.

Der wurde acht ûndersoarten ûnderskieden:

De hûpe by it nêst.

Oant it begjin fan 'e 20e iuw briede de hûpe ek yn Nederlân. Dêrnei folge in tiid fan delgong, oant yn 'e jierren 1940 en 1950 de oantallen wer tanamen. Om 1974 hinne wie de fûgel lykwols as briedfûgel op 'e ferdwûn en folgen der allinnich noch waarnimmingen. Sûnt 2012 briedt de hûpe wer yn Nederlân, earst yn Limburch en letter ek op 'e Feluwe. De oantallen binne stadichoan ta, mar binne lykwols noch lyts.[1]

Syn iten bestiet foaral út grutte ynsekten, regenwjirms, (neakene) slakken en spinnen, mar ek hagedissen steane op it menu.

Aaien.

It nêst wurdt boud yn in holte fan in âlde beam, dêr't it wyfke likernôch 5 aaien yn leit. It wyfke en de jongen ferdigenje har tsjin fijannen troch dy mei in stjonkende floeistof te bespuitsjen. It aai fan 'e hûpe is blau-griis oant grien-brún fan kleur. De kleur is ôfhinklik fan it wyfke: troch fet út de stútklier op it aai oer te bringen, wurdt it oarspronklik blau-grize aai mear grien-brún. Dat fet wurdt by it brieden streekrjocht oerbrocht of troch de fearren op it boarst. De stof hat troch syn bakteariële gearstalling in anty-mikrobiële wurking, dy't it aai beskermet tsjin ynfeksjes. Hoe donkerder de stof, wat mear "goede" baktearjes de stof befettet en wat better it wurket.

De grutte fan 'e populaasje waard troch BirdLife International yn 2015 rûst op 5-10 miljoen fûgels, wêrfan't de Europeeske populaasje sa'n 1,3 miljoen oant 2,76 miljoen pearkes telde. Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat dizze soarte de status net bedrige (Least Concern), mar der wurdt oannommen dat de oantallen tebekrinne, fral troch jacht en ferneatiging fan habitat.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: