Höhr-Grenzhausen
| Höhr-Grenzhausen | ||
| Riedshûs. | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| dielsteat | ||
| lânkring | Westerwaldkreis | |
| Stedsyndieling | 3 Stadtteile | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 9.439 (31.12.2023) [1] | |
| Oerflak | 15,88 km² | |
| Befolkingsticht. | 594 ynw./km² | |
| Hichte | 250 m boppe seenivo | |
| Oar | ||
| Postkoade | 56203 | |
| Koördinaten | 50° 26' N 7° 40' E | |
| Offisjele webside | ||
| www.hoehr-grenzhausen.de | ||
| Kaart | ||
Höhr-Grenzhausen is in stêd yn 'e Westerwaldkreis yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts.
Höhr-Grenzhausen falt ûnder it gemeenteferbân mei deselde namme, dêr't it plak de haadstêd fan is.
Yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd Höhr-Grenzhausen ûntstie op 1 april 1936 troch de gearfoeging fan 'e eardere selsstannige gemeenten Höhr, Grenzhausen en Grenzau. Tagelyk krige de nije gemeente de status fan stêd. Hjoed-de-dei binne de earder selsstannige gemeenten Ortsteile fan Höhr-Grenzhausen.
Keramyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Höhr-Grenzhausen is it sintrum fan keramyske yndustry yn it sanseamde Kannenbäckerland mei in fakhegeskoalle foar keramyk. De stêd hat de bynamme „Kannenbäckerstadt“.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Toeristen kinne oan ferskillende produksjeplakken fan keramyk en musea in besite bringe, dy't ynformearje oer it produksjeproses fan keramyk.
It kastiel Grenzau is in ruïne mei in trijehoekige berchfrede (toer).
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Grenzhausen: De protestantske tsjerke mei in romaanske toer út de 13e iuw en in skip en koer fan 1878.
- Höhr: De Sint-Petrus en Paulustsjerke is in foarse neogoatyske tsjerke út 1885. It westlike diel mei de toer datearet fan 1901.
- Grenzau: De katolike filiaaltsjerke Sint-Petrus- en Paulus datearret fan 1796.
De stêd leit oan it wrâlderfgoed Boppe-Germaanske-Raetyske Limes.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kastiel Grenzau
- Protestantske tsjerke, Grenzhausen
- Petrus- en Paulustsjerje, Höhr
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
