Springe nei ynhâld

Hélène Boucher

Ut Wikipedy
Hélène Boucher
Boucher mei har Caudron Rafale
Boucher yn in reklame foar de Renault Viva Grand Sport

Hélène Boucher (Parys, 23 maaie 1908Guyancourt, 30 novimber 1934) wie in Frânsk piloate.

Hélène Antoinette Eugénie Boucher wie de dochter fan Léon Boucher, in arsjitekt út Parys, en fan Élisabeth Hélène Dureau. Hélène helle har fleanbrevet yn juny 1932. Sy wie in learling fan Michel Détroyat. July 1932 die hja mei oan in loftwedstriid tusken Caen en Deauville. Om reden fan technyske problemen moast se in needlâning meitsje yn in bosk. Boucher rekke net ferwûne.

Hélène Boucher, dy't ferskate wrâldrekords festige mei fleantugen fan Caudron (û.o. it hichterekord foar frouljuspiloaten yn augustus 1933 dat hja 32 jier hâlde soe), hie ek in kontrakt by Renault om de Renault Viva Grand Sport oan te rekommandearjen. Dêrtroch wie se finansjeel ûnôfhinklik.

Op 8 augustus 1934 festige Hélène Boucher it snelheidsrekord oer 100 km (412 km/o) en in rekord oer 1000 km mei in trochsneed faasje fan 409 km/o mei in Caudron-Renault. Op 11 augustus heakke sy it snelheidsrekord foar frouljuspiloaten dêr oan ta (445 km/o).

Sy ferlear it libben by in ûngemak mei in Caudron Rafale yn Guyancourt op 30 novimber 1934. Sy wie de earste frou dy't yn it Hôtel des Invalides yn Parys opbierd waard en waard postúm beneamd ta ridder fan it Légion d'honneur.

  • Antoine Rédier: Hélène Boucher, jeune fille de France, Flammarion, 1935 mei in foarwurd fan generaal Denain (minister fan loftfeart)
  • Jacques Mortane, Helène Boucher aviatrice, Plon, Parys, 1936
  • René Chambe, Hélène Boucher, pilote de France, Éditions Baudinière, Paris, 1937; fannijs útjûn Éditions France-Empire, Parys, 1964.
  • Roland Tessier (yllustrator Paul Lengellé), Hélène Boucher, coll. « Les Héros de l'air en Images », éd. Flammarion, 1943.
  • Marguerite d'Escola, Hélène Boucher – Celle qui a vaincu la peur, Éditions des loisirs, Parys, 1946
  • Paul Thoraval (foarwurd fan Paul Codos Frânsk fleander), Hélène Boucher, éd. Jean de Gigord, coll. « Tout pour tous », Parys, 1947
  • Evelyne Morin-Rotureau, Hélène Boucher, éditions Pemf, 2005 [1]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hélène Boucher fan Wikimedia Commons.