Héctor Castro
| Héctor Castro | ||
| Héctor Castro (1926) | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| namme | Héctor Castro | |
| bynamme | El Divino Manco | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 29 novimber 1904 | |
| berteplak | Montevideo | |
| stjerdatum | 5 septimber 1960 | |
| stjerplak | Montevideo | |
| jeugdteams | ||
| 1921-1924 | Centro Atlético Lito | |
| profesjonele feriening(s) seizoen klup wedstr.(goals) | ||
| 1924-1932 1932-1933 1933-1936 | Nacional Nacional | |
| nasjonaal team | ||
| 1923-1935 | 25(18) | |
| trainer by | ||
| 1939-1943 1952 1959 | Nacional Nacional | |
Héctor Castro (Montevideo, 29 novimber 1904 - Dêre, 5 septimber 1960) wie in Oerûguayaansk fuotballer, dy't as spiler fan it Oerûguayaansk fuotbalalvetal, it earste Wrâldkampioenskip wûn.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op syn tsiende begûn er mei wurkjen en op syn trettjinde ferlear er in part fan syn rjochterearm troch in ûngelok mei in seage. Nettsjinsteande it ûngelok kaam er yn 1921 yn de jeugdoplieding fan Centro Atlético Lito terjochte. yn 'e âldens fan 20 jier gie hy oan de slach by Nacional. Yn 1932 gie er nei Estudiantes yn Argentynje, mar gie nei in jier alwer werom by Nacional. Hy beëinige yn 1936 syn spilerskarriêre.
Ynterlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Andrade spile tusken 1923 en 1935, 25 ynterlân wedstriden foar it Oerûguayaansk fuotbalalvetal, dêr't er achttjin kear yn wist te skoaren. Mei it Oerûguayaansk fuotbalalvetal wûn er yn 1928 ien kear de Olympyske Spullen twa jier letter it earste wrâldkampioenskip.
Trainer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1939 oant 1943 wie er haadtrainer fan Nacional. Yn 1952 kaam er werom as trainer by Nacional. Yn 1959 wie er noch koarte perioade trainer fan it Oerûguayaansk fuotbalalvetal.
Héctor Andrade ferstoar op 5 septimber 1960, yn 'e âldens fan 55 jier oan de gefolgen fan in hertynfarkt.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
