Springe nei ynhâld

Hânkarre

Ut Wikipedy

In hânkarre of skokarre is in ferfiermiddel mei twa tsjillen dat troch in persoan op gong brocht wurdt. In karre kin lutsen wurde of treaun wurde. In stekwein, in soad yn gebrûk by ferhuzingen, is yn wêzen ek in soarte fan hânkarre. In foarbyld fan in fjouwertsjilige troch in persoan lutsen wein is de bolderwein. In hânkarre mei ien tsjil wurdt in kroade neamd.

Hânkarren waarden en wurde foar tal fan doelen brûkt, net allinnich foar it ferfier fan lêsten, mar ek as in mobile negoasje (bakkerskarre, iiskarre, draaioargel). Lettere ûntwikkelingen binne de bakfyts en de hûnekarre.

Nei de Twadde Wrâldoarloch is de hânkarre stadichoan út it strjitbyld ferdwûn. De opkomst fan betelbere motorisearre alternativen, dêr't sûnder fysike ynspanning mear lading mei ferfierd wurde koe, wie hjirfan de oarsaak, ek yndirekt omdat it ferkear hieltyd drokker en flugger waard en it dêrtroch hieltyd gefaarliker waard foar immen om mei in hânkarre troch de strjitten te gean om te ferkeapjen. Yn de jierren '60 fan de tweintichste iuw binne de measte hânkarren ferfongen troch bestelbuskes en lytse frachtweinen. Dy trend waard yn minder wolfarrende lannen letter ynset.


Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hânkarren fan Wikimedia Commons.