Springe nei ynhâld

Yndyske strewelmosk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gymnoris xanthocollis)
Yndyske strewelmosk
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljemoskfûgels (Passeridae)
skaaistrewelmosken (Gymnoris)
soarte
Gymnoris xanthocollis
Burton, 1838
IUCN-status: net bedrige

De Yndyske strewelmosk (Gymnoris xanthocollis) is in sjongfûgel yn it skaai strewelmosken (Gymnoris) út de famylje fan 'e moskfûgels.

Mantsje.

De fûgel is 12,5 oant 14 sm lang en weaget 14 oant 20 gram en is relatyf lyts en slank, mar de snaffel is frij lang, sterk, spits en kegelfoarmich. It fearrekleed is brúngriis, de búk is ljochter en der binne twa dúdlike wjukbannen. It mantsje hat yn 'e briedtiid ek kastanjebrune wjukdekfearren, in donkere team, in swarte snaffel en in giele kiel.

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel is ferdield yn twa ûndersoarten:

De Yndyske strewelmosk is in trekfûgel yn it noardwesten en noarden fan it ferspriedingsgebiet (Turkije nei it easten oant Pakistan en Noard-Yndia), wylst yn it súdlike diel in part fan 'e populaasje nei it suden migrearret. De soarte wurdt út en troch waarnommen yn Bachrein, Egypte, Israel, Jordaanje en Libanon.

De fûgel wurdt yn iepen heuvellân oantroffen mei beammen of hagen, mar ek yn doarpen of parken. It briedseizoen ferskilt geografysk en is fan ein april oant ein july yn Irak, fan april oant july yn Afganistan en fan febrewaris oant maaie yn Yndia. Yn it nêst, dat yn in gat fan in muorre of yn in beamholte boud wurdt, wurde trije oant fjouwer aaikes lein. It iten bestiet út sied, nôt, lytse beien en nektar, yn 'e brietiid ek út ynsekten.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in ûnbekende ûntwikkeling. Dêrfandinne kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, 2025).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: