Springe nei ynhâld

Grutte strewelmosk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gymnoris pyrgita)
Grutte strewelmosk
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljemoskfûgels (Passeridae)
skaaistrewelmosken (Gymnoris)
soarte
Gymnoris pyrgita
Heuglin, 1862
IUCN-status: net bedrige

De grutte strewelmosk (Gymnoris pyrgita) is in sjongfûgel yn it skaai strewelmosken (Gymnoris) út de famylje fan 'e moskfûgels.

De fûgel liket in soad op 'e lytse strewelmosk, mar is grutter en wurdt 15 oant 16 sintimeter. De nominaatfoarm is boppe meast effen jiskegriis mei in smelle, net dúdlike ljochtbêzje wynbraustreek, in ljochte eachring en in donkerbrún wang. De sturt is donkerbrún mei griisbêzje rânen oan 'e bûtenste fearren. It kin en de kiel binne wyteftich mei in giel plak op 'e ûnderkiel (faak dreech te sjen) en it boarst is griiseftich. Foar de rest is de fûgel ûnder smoarchwyt. De soarte hat in donkerbrune iris, in hoarnkleurige snaffel en blaugrize poaten. De skaaien ha in soad fan inoar, mar wyfkes ha gauris in minder dúdlik giel kielplak. Juvenilen binne wat bruner mei wat streken op 'e rêch en in mear opfallende wynbraustreek.

De grutte strewelmosk wurdt ferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

Grutte strewelmosken ha in foarkar foar drûge steppes mei Acaciabeammen en iepen bosklân, parken en kultivearre lân mei beammen oant in hichte fan 1800 m. Guon ha in foarkar foar rotseftige boaiem, mar wurde dan mear yn beammen as op 'e grûn sjoen.

Earder waard de soarten fan it skaai Gymnoris opnommen yn Petronia mar DNA-stúdzjes wiisden út dat de soarten yn Gymnoris in sustergroep binne fan 'e mosken yn Passer, wylst de rotsmosk (Petronia petronia) tichter by de sniemosken yn Montifringilla stiet.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De briedtiid falt yn it westen fan it ferspriedingsgebiet foar it measte yn juny oant augustus. Eastlik briede se yn Somaalje fan maart oant april en yn Kenia en Tanzania folget de briedtiid de reinfal. De fûgels bouwe harren nêst yn beamholtes of op sânkliffen. In lechsel bestiet út trije oant fiif aaien. It iten bestiet út beien, ynsekten en sied en de soarte foerazjearret nei alle gedachten mear yn beammen as op 'e grûn.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Dêrfandinne kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024). De wrâldpopulaasje is net rûsd. Yn it ferspriedingsgebiet is de fûgel lokaal oanwêzich.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: