Springe nei ynhâld

Lytse strewelmosk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gymnoris dentata)
Lytse strewelmosk

Twa mantsjes
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljemoskfûgels (Passeridae)
skaaistrewelmosken (Gymnoris)
soarte
Gymnoris dentata
Sundevall, 1850
IUCN-status: net bedrige

De lytse strewelmosk (Gymnoris dentata) is in sjongfûgel yn it skaai strewelmosken (Gymnoris) út de famylje fan 'e moskfûgels.

De lytse strewelmosk is in frij lytse mosk fan 13 sm lang mei in lange kegelfoarmige snaffel en in koarte sturt. De fûgel is lytser en bruner as de grutte strewelmosk, dêr't er fierder in soad op liket. It folwoeksen mantsje is boppe donkerbrún mei in grize kroan en in readbrune wynbraustreek dy't fan it each oant de sydkante fan 'e nekke trochrint. Syn sturt is donkergriis oant griisbrún mei smelle ljochte rânen en gielbrune oant gielwite punten. It kin en de kiel binne krêmwyt en it foar it skaai typyske giele plak op 'e ûnderkiel is faak min te sjen. Under is de fûgel brutsen wyt en griis op 'e flanken. De iris is donkerbrún en de snaffel brún en wat ljochter by de basis. Yn 'e briedtiid wurdt de snaffel swart. Wyfkes ha in soad fan mantsjes, mar ha in brunere krún en in krêmkleurige wynbraustreek, donkere streken op 'e rêch en in lytser of gjin giel plak op 'e ûnderkiel. Juvenilen lykje op wyfkes, mar se binne op 'e boppedielen mear gielbrún.

Lytse strewelmosken komme yn it suden fan Mauretaanje foar oant Guinee en dan nei it easten ta oan Súd-Sûdan, Eritreä en westlik Etioopje. Op it Arabyske Skiereilân is in populaasje yn westlik Jemen.

De fûgel libje yn drûge gebieten, op savannes mei net in soad bosk en op iepen kultivearre gebieten by stêden oant 1500 m, yn Jemen oant 1900 m.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte is meast in stânfûgel en migrearret lokaal, mar kin op langere ôfstannen migrearje. De briedtiid leit tusken novimber en maart yn it grutste part fan syn ferspriedingsgebiet. Beide skaaien briede, mar it wyfke it meast. It bekerfoarmige nêst wurdt yn in beamgat of spjalt boud. De fûgel foerazjearret op 'e grûn en yt sied en ynsekten.+

Lytse strewelmosken ha in tige grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Dêrfandinne kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN ) de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024). De wrâldpopulaasje is net rûsd, mar de fûgel wurdt omskreaun as ûngewoan oant lokaal frij gewoan yn it westlike diel fan syn ferspriedingsgebiet, faak oant gewoan yn it easten en lokaal talryk yn Eritreä.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: