Springe nei ynhâld

György Piller

Ut Wikipedy
György Piller
sporter
György Piller (1930)
György Piller (1930)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeGyörgy Gyárfás Győző Piller
nasjonaliteit Hongaarsk
bertedatum19 juny 1899
berteplakEger
stjerdatum6 septimber 1960
stjerplakSan Francisco flagge fan de Feriene Steaten
sportive ynformaasje
sportSkermjen
O.S.Amsterdam 1928,
Los Angeles 1932
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 2x Olympyske Spullen 1932

György Gyárfás Győző Piller berne Jekelfalussy (Eger, 19 juny 1899 - San Francisco, Feriene Steaten, 6 septimber 1960) wie in Hongaarsk skermer.

Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1928 en 1932). Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen mei it Hongaarske sabelteam en dêrnei ek noch yndividueel.

Nei syn sportkarriêre waard Piller trainer. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard er as luitenant-kolonel fan it leger finzen nommen troch de Russen. Nei de kriich gie er wer oan it wurk as trainer. Yn 1956 wie er mei it Hongaarske team yn Melbourne foar de Olympyske Simmerspullen. Nei it gewelddiedige ûnderdrukken fan de Hongaarske opstân fan 1956 troch de Sovjet-Uny gie Piller net werom nei syn heitelân. Hy gie nei de Feriene Steaten en bleau dêr wurkjen as trainer.
György Piller ferstoar op 6 septimber 1960, yn 'e âldens fan 61 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: