Springe nei ynhâld

Gustave van de Woestijne

Ut Wikipedy
Gustave van de Woestijne
keunstner
Gustave van de Woestijne yn syn Mechelske perioade, ± 1921
Gustave van de Woestijne yn syn Mechelske perioade, ± 1921
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Belgysk
berne2 augustus 1881
berteplakGint
stoarn21 april 1947
stjerplakUkkel
wurkpaad
wurksum asskilder
streamingsymbolisme, neorealisme, ekspresjonisme

Gustav Van de Woestijne [1] (Gint, 2 augustus 1881Ukkel, 21 april 1947) wie in Belgyske keunstskilder. Hy wie de broer fan de dichter Karel van de Woestijne en de heit fan de skilder Maxime Van de Woestijne (1911-2000) en de komponist David Van de Woestijne (1915-1979). Syn oeuvre stiet te boek as symboalistysk, neorealistysk, ekspresjonistysk mei soms sels in snúfke surrealisme.

Kristus mei in swurd

Gustave wie de tredde soan fan Alexander Van de Woestijne en Antigona Sielbo. Hy folge les oan de Gintske Koninklijke Academie voor Schone Kunsten dêr't er les krige fan ûnder oaren Jean Delvin. Hy besocht as studint faak it Museum voor Schone Kunsten yn Gint, dêr't er ferskate stúdzjes makke. Doe't er siik waard, besliste grutte broer Karel om nei Sint-Martens-Latem te ferhúzjen. Troch de sûne bûtenloft waard Gustave fluch better. Dêr kaam er yn'e kunde mei George Minne, in grut foarbyld foar Gustave. Hy learde ek Valerius De Saedeleer, Albijn Van den Abeele en tal fan oare keunstners kennen. Sy foarmen, tegearre mei Karel en Gustave Van de Woestijne, de kearn fan de saneamde earste groep fan Sint-Martens-Latem, ek Latemske skoalle neamd.

Fan 1898 ôf ferkearde er gauris yn Sint-Marten. Yn 1900 foege er him by syn broer en Julius de Praetere. Oant Karels houlik yn 1904 wennen de twa bruorren tegearre en leine se har elk ta op har eigen ropping.

Yn 1902 waard Gustave lid fan Open Wegen. Dy rûnte fan keunstners, oprjochte troch Karel Van de Woestijne, stelde foar om konferinsjes en konserten te organisearjen.

Yn 1903 besocht er Parys mei Emile Verhaeren. Nei it houlik fan syn broer wenne Gustave in skoft tegearre mei Valerius de Saedeleer yn Leuven.

Yn 1905 wied er trije moanne novice yn it benediktinekleaster fan Mont-César yn Leuven.

Yn 1908 troude er mei Prudence De Schepper. It jier dêrnei ferliet er Sint-Maarten nei Leuven. Yn 1911 waard syn soan Maxime berne. Yn 1912 wenne er yn Etterbeek (Brussel) en Tiegem. De maitiid dêrnei gie er mei Valerius de Saedeleer nei Firenze. Nei it útbrekken fan de Earste Wrâldoarloch flechten de famyljes Van de Woestyne en Saedeleer nei Sint-Anna-ter-Muiden yn Nederlân, dêr't de famylje Minne him by harren foege. Dêrnei setten se ôf nei Grut-Brittannië om der op ferskate plakken te wenjen. Nei syn weromkommen yn België yn 1919 fêstige Van de Woestyne him yn Waregem. Yn 1923 boude er in hûs yn Sint-Maarten-Laethem.

Yn 1924 gong er nei Wenen en de oare maitiids nei Florence en Feneesje.

Yn 1925 fêstige er him yn Mechelen en waard dêr beneamd ta direkteur en professor yn de skilderkeunst oan de akademy. Hy besette dy funksje oant 1939.

Hy folge Frans Hens op as professor bisteskilderjen oan it Hoger Instituut voor Schone Kunsten yn Antwerpen. Yn 1926 sleat er him oan by de ' IX. Groep'. By harren wiene njoggen Flaamske keunstners: Gustave Van de Woestyne, Frits Van den Berghe, Hippolyte Daeye, Oscar Jespers, Willem Paerels, Constant Permeke, Henri-François Raemaekers, Gustave de Smet en Edgard Tytgat.

Yn 1927 reizge er mei studinten fan de Mechelske Akademy nei Florence om de technyk fan it freskoskilderjen te bestudearjen. Fan 1928 oant 1931 dosearre er monumintale skilderkeunst oan it Kolleezje foar dekorative keunsten yn La Cambre. Dat brocht him yn 1928 werom nei Italië. Yn 1939 joech er út reden fan sûnens it direkteurskip fan de Mechelske Akademy oer en fêstige er him yn Ukkel. Hy stoar yn 1947, nei alle gedachten as gefolch fan ierferkalking.

De Keninklike Akademy fan België naam him oan as korresponearjend lid yn 1936 en as folweardich lid yn 1941. [2]

Styl en evolúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van de Woestijne wie in yntroverte en religieus ynspirearre keunstner. Yn syn iere, symbolistyske wurk is de ynfloed fan'e prerafaëliten werom te finen. De oare besites mei syn broer Karel oan de útstalling fan de Flaamske Primitiven te Brugge yn 1902, hawwe syn styl bot beynfloede. Dy ynfloed fan de âlde masters binne benammen te sjen yn syn talrike portretten. Nei alle gedachten yn neifolging fan Pieter Brueghel de Alde pleatste Van de Woestijne syn religieuze tafrielen gauris yn de lanlike Leiestreek. Nei syn weromkommen út Grut-Brittannië evoluearre syn wurk nei in eigen foarm fan ekspresjonisme, wêrby't syn skilderwize nettsjinsteande de brûkte ferfoarming realistysk bliuwt. Yn 1909 yllustrearre er Stijn Streuvels syn bewerking fan de Reinaert; in bewerking dy't as Duimpjesútjefte yn de bekende rige Duimpjes fan Victor de Lille ferskynde. Yn 1979 ferskynde, postúm, it boek Karel en ik - Herinneringen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • R. Hoozee en C. Verleysen, Gustave Van de Woestijne, tentoonstellingscatalogus, 2010, Gent, Museum Voor Schone Kunsten: Mercatorfonds
  • R. Hoozee, Veertig kunstenaars rond Karel Van de Woestijne, 1979, Gent, Museum Voor Schone Kunsten
  • Gustave Van de Woestijne, Karel en ik, herinneringen, 1979
  • de:Gustave Van de Woestyne

---

  1. Gustave skreau sels "Van de Woestyne", syn broer Karel brûkte de offisjele skriuwwize "Van de Woestijne". sjoch: José Boyens: Gustave Van de Woestyne, symbolist en expressionist, yn: "Ons Erfdeel", jg. 27, nr 1, 1984, s. 399, fuotnoat 1.
  2. Académicien décédé: Gustave Jean Philémon Alexandre Van de Woestyne