Gustave Eiffel
Alexandre Gustave Eiffel (Dijon, 15 desimber 1832 – Parys, 27 desimber 1923 wie in Frânske yngenieur en yndustrieel.
Eiffel is berne yn Dijon yn Frankryk. Syn heit wie fan oarsprong in Dútske offisier út it Rynlân. Hy is wrâldferneamd wurden mei't er tusken 1887 en 1889 de Eiffeltoer boude foar de wrâldtentoanstelling yn Parys. It ûntwerp fan de Eiffeltoer kaam foaral fan syn twa meiwurkers Maurice Koechil en Emile Nouguier; Eiffel fûn it ûntwerp earst healwiis mar neidat it er goeie kritiken kamen op it ûntwerp kocht er it op.
Dêrneist hat Eiffel gearwurke mei Frederic Barholdi om it Frijheidsbyld te ûntwerpen dat yn New York stiet.
Eiffel hat fierders hûnderten spoarbrêgen makke yn Frankryk. Ek wurke Eiffel wol yn it bûtenlân. Bygelyks in Portegal, dêr ûntwurp hy de Dom Luis I brêge yn de stêd Porto.
Letter yn syn libben lei Eiffel him ta op meteorology en aerodynamika en levere wichtige bydragen op beide mêden.