Springe nei ynhâld

Gustav Schäfer (roeier)

Ut Wikipedy
Gustav Schäfer
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gustav August Schäfer
bynamme Gummi
nasjonaliteit Dútsk
bertedatum 22 septimber 1906
berteplak Johanngeorgenstadt
stjerdatum 10 desimber 1991
stjerplak München
sportive ynformaasje
sport Roeien
ûnderdiel Skiff
O.S. Berlyn 1936
debút 1929
karriêre-ein 1936
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1936

Gustav August Schäfer (Johanngeorgenstadt, 22 septimber 1906 - München, 10 desimber 1991) wie in Dútsk roeier.

Nei de legere skoalle gie er yn 'e lear by masterbanketbakker Wachendorf yn Weißer Hirsch, in wenwyk yn Dresden. Schäfer beoefene yn it earstoan ferskate sporten lykas wetterpolo en hockey; hy spile ek in skoftke fuotbal. Syn eigentlike sportkarriêre begûn doe't er lid waard fan de swimklup yn Dresden. Yn dy tiid krige er de bynamme "Gummi". Doe't de roeiferiening fan Dresden yn 1929 har skiphûs yn Blasewitz ta beskikking stelde oan de swimmers foar in dûnsjûn, akseptearre Schäfer ek de útnûging fan de roeiers foar in proeffeart op de Elbe. Roeitrainer Wurtmann seach syn talint en yn maart 1929 begûn Schäfer mei it roeien.

Schäfer sleat him yn 1933 oan by de SA en waard yn 1936 befoardere ta ploechlieder. Yn jannewaris 1937 frege er it lidmaatskip fan de NSDAP oan en op 1 maaie fan datselde jier waard er akseptearre.

Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen yn de skiff. Nei de Olympyske Spullen beëinige hy syn sportkarriêre en wurke oant 1945 as ministerieel meiwurker yn Dresden.
Nei de oarloch gie Schäfer nei it Westen en tusken 1949 en 1952 wie er aktyf en tige suksesfol by de senioaren fan de roeiferiening Flörsheim-Rüsselsheim. Gustav Schäfer ferhuze yn 1961 mei syn frou nei München. Op dat stuit wie er al deaferklearre yn de DDR. Yn it deiblêd Der Morgen fan 18 juny 1961 stie it optochte berjocht te lêzen dat "Gummi" Schäfer yn de kriich omkommen wie.
Gustav Schäfer ferstoar op 10 desimber 1991, yn 'e âldens fan 85 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:DE
  • Wikipedy:EN