Guru
Guru | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Guru yn 2006 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Keith Edward Elam | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 17 july 1961 | |
berteplak | Roxbury (Boston) | |
stoarn | 19 april 2010 | |
stjerplak | New York | |
wurkpaad | ||
sjenre | Hip-hop, rap East Coast, jazz-rap | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | Stim | |
jierren aktyf | 1985–2010 | |
offisjele webside | ||
Offisjele Guru's Jazzmatazz side |
Guru (Roxbury (Boston), Massachusetts, 17 july 1961 – New York, 19 april 2010) wie in Amerikaanske rapper, muzykprodusint en akteur.
Hy waard yn de jierren 80 bekend as lid fan het duo Gang Starr en inysjearre dêrneist it projekt Jazzmatazz. Guru rapte oer swart bewustwêzen en oare maatskiplike ûnderwerpen. Hy wie ien fan de grûnlizzers fan de jazz-rap, in mjuks fan hiphop mei jazz en funk, en jildt as eksponint fan de East Coast Rap. Guru stiet foar Gifted Unlimited Rhymes Universal; it is in pseudonym fan Keith Edward Elam.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under de namme Keithy E. The Guru gie er yn 1987 by de groep Gang Starr. Nei't er yn 1989 as iennichste fan dizze band oerbleau, socht er gearwurking mei muzykprodusint en dj Waxmaster C, letter bekend as DJ Premier. Mei de albums No More Mr. Nice Guy (1989) en Step in the Arena (1991) wist it hiphop duo rillegau ynternasjonaal troch te brekken. It nûmer Jazz Thing wie te beharkjen yn de film Mo' Better Blues fan regisseur Spike Lee.
Neist Gang Starr wurke Guru fan 1993 ôf oan it projekt Jazzmatazz, dêr't er yn gearwurke mei jazz muzikanten sa as Roy Ayers, Donald Byrd, Herbie Hancock en Branford Marsalis, soulsjongster N'Dea Davenport en popmuzikant Jamiroquai. Oant 2000 ferskynden der trije albums fan Jazzmatazz en yn 2007 kaam in fjirde en lêste cd út: The Hip-Hop Jazz Messenger: Back to the Future.
De paden fan Guru en DJ Premier skieden om 2005 hinne. It lêste album fan Gang Starr, The Ownerz, wie yn 2003 ferskynd. Tagelyk brocht Guru sûnt 2001 trije soloalbums út, mar die hienen net it súkses fan Gang Starr en de Jazzmatazzrige. It lêste album, Guru 8.0: Lost and Found, kaam yn 2009 út. Yn dy snuorje waard ek de sykte fan Kahler by Guru fêststeld. Febrewaris 2010 waard er rekke troch hertynfarkt, wêrnei't er trije wiken yn koma lei. Op 19 april 2010 stoar er yn in sikehûs yn de omkriten fan New York.
Guru waard 48 jier.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1993: Jazzmatazz, Vol. 1
- 1995: Jazzmatazz, Vol. II: The New Reality
- 1995: Guru presents - Illkid Records
- 1996: Jazzmatazz, Vol. III
- 1997: Jazzmatazz, Vol. III: Streetsoul
- 2000: Streetsoul
- 2001: Baldhead Slick & Da Click
- 2005: Version 7.0: The Street Scriptures
- 2007: Jazzmatazz, Vol. IV: Back To The Future
- 2009: Guru 8.0 Lost and Found
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Grand Theft Auto: Liberty City Stories 2005 as 8-Ball
- Kung Faux 2003 as Stim/Various
- Urban Massacre 2002 as Cereal Killah
- Grand Theft Auto III 2001 as 8-Ball
- 3 A.M. 2001 als Hook-Off
- Train Ride 2000 as Jay
- The Substitute 2: School's Out 1998 as Little B.
- Who's the Man? 1993 as Martin Lorenzo