Gudrun Ensslin
| Gudrun Ensslin | ||
![]() | ||
| Gudrun Ensslin (1967) | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Gudrun Ensslin | |
| nasjonaliteit | ||
| berne | 15 augustus 1940 | |
| berteplak | Bartholomä (Baden-Wuertemberch) | |
| stoarn | 18 oktober 1977 | |
| stjerplak | Stuttgart | |
| wurkpaad | ||
| organisaasje | Rote Armee Fraktion | |
| misdie | terrorisme, bomoanslaggen | |
| straf | libbenslang | |
| status | ferstoarn yn finzenskip | |
| Eftergrûn | ||
| oplieding | Frije Universiteit Berlyn, Eberhard-Karls-Universiteit | |
| berop | útjouwer | |
| religy | Lutheranisme | |
Gudrun Ensslin (Bartholomä, 15 augustus 1940 - Stuttgart, 18 oktober 1977) wie in Dútsk terroriste.
Yn 1970 wy sy ien fan de oprjochters fan de lofts-ekstremistyske terreurgroep Rote Armee Fraktion (RAF). Nei't se in relaasje begûn mei mei-oprjochter Andreas Baader waard Ensslin ynfloedryk yn de radikalisearring fan Baaders loftse ideeën en waard se ien fan de yntellektuele lieders fan de beweging.
Libben en dea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ensslin wie hikke en tein yn Bartholomä as fjirde fan sân bern yn in luthersk dûmnysgesin. Se die it goed op skoalle en lies graach de Bibel. Se begûn te studearjen en kaam dêr yn de kunde mei Bernward Vesper, in Dútske skriuwer. Mei him rjochte se yn 1963 in lytse útjouwerij op, de Studio für neue Literatur. Yn 1965 ferhuze se mei Vesper nei West-Berlyn, yn 1967 krige sy mei Vesper in bern.[1] Ensslin naam al diel oan demonstraasjes tsjin kearnwapens en Amerikaanske bases yn Dútslân, mar doe't har houlik mei Vesper stikken begûn te rinnen, gie se har alhiel mei loftse groepearringen dwaande hâlden.
Se ferliet har man en bern yn jannewaris 1968. Mei Andreas Baader, dy't se yn de simmer fan 1967 moete hie, besleat se aktyf tsjin "it systeem" fjochtsjen. Yn'e nacht fan 2 april 1968 brutsen der brannen út yn twa warehuzen yn Frankfurt am Main. Baader, Ensslin en twa oaren waarden trije dagen letter oppakt en yn oktober 1968 feroardiele ta trije jier finzenskip. Se waarden yn juny 1969 alwer frijlitten en tsjinnen in fersyk oant heger berop yn. Doe't dat lykwols ôfwiisd waard, dûkten sy ûnder. Baader waard oppakt, mar Ensslin, trije oare froulju (wêrûnder Ulrike Meinhof) en in ûnbekend bleaune man befrijden him út in biblioteek, dêr't er sûnder hânboeien wat ûndersyk dwaan mocht. Ien personielslid waard delsketten en rekke slimferwûne. Dit wie it begjin fan de gewelddiedige aksjes fan de groepearring en de RAF. Ensslin en de oaren waarden de meast sochte persoanen yn Dútslân. Se waard op 7 juny 1972 yn Hamburg oppakt, en letter ta libbenslange finzenisstraf feroardiele. Fanwegen it grutte gefaar foar de Dútske mienskip waarden de oppakte groepsleden yn ekstra bewaakte ynrjochtingen pleatst en waard der yn Stuttgart-Stammheim sels in nije, hypermoderne finzenis boud.
Op 18 oktober 1977 ferstoar Ensslin yn har sel. Dyselde moarns waarden ek Ensslin en Raspe dea yn harren sellen oantroffen, offisjeel waard har dea en dy fan de twa oaren as selsmoard ferklearre. Irmgard Möller, in fjirde RAF-lid, waard swier ferwûne fûn mei in stekwûn. Yn de moannen foarôfgeand oan Baaders dea besocht de saneamde twadde generaasje fan de RAF mei ferskate gewelddiedige aksjes de Dútske steat te twingen om Ensslin en de oare finzen RAF-leden frij te litten, ûnder oare troch de ûntfiering fan wurkjouwersfoarsitter Hanns Martin Schleyer. Ien dei nei it ferstjerren fan de trije finzen RAF-leden waard it lichem fan Schleyer fûn.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|

