Guadalcanaldwerchiisfûgel
| Guadalcanaldwerchiisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ceyx nigromaxilla | ||||||||||||
| Rothschild & Hartert, 1905 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De Guadalcanaldwerchiisfûgel (Ceyx nigromaxilla) is in lyts fûgeltsje yn it skaai dwerchiisfûgels (Ceyx) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). De fûgel komt op Guadalcanal foar.
De soarte wie earder ien fan it grutte oantal ûndersoarten fan 'e (Ceyx lepidus of Alcedo lepidus). In molekulêre fylogenetyske stúdzje yn 2013 toande oan dat der tusken de measte ûndersoarten grutte ûnderlinge genetyske ferskillen bestienen. Dêrfandinne binne dy ûndersoarten ôfsplitst om der in aparte soarte fan te meitsjen. Dêrûnder foel ek de Mindanaodwerchiisfûgel. Tagelyk krige de Ceyx lepidus de namme Molukske dwerchiisfûgel.
Yn 2023 waard de Malaitadwerchiisfûgel (Ceyx malaitae) fan it eilân Malaita, dy't earder as in selsstannige soarte beskôge waard, yn rang weromset ta in ûndersoarte fan 'e Guadalcanaldwerchiisfûgel.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is in lyts iisfûgeltsje mei pearsblauwe boppedielen en oranje fan ûnder, in wyt plak efter it ear en feloranje poatsjes. De snaffel is swarteftich mar de ûndersnaffel is by de basis read.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is endemysk op Guadalcanal en Malaita, dy't ûnderdiel foarmje fan 'e Salomonseilannen. It biotoop bestiet út tichte begroeiïng fan fochtige subtropyske en tropyske bosken.
Der wurde twa ûndersoarten erkend:
- Ceyx nigromaxilla nigromaxilla: endemysk op Guadalcanal,
- Ceyx nigromaxilla malaitae: endemysk op Malaita.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om 't de soarte noch net lang lyn fan 'e Ceyx lepidus ôfsplitst is, besteane der gjin rûzings fan 'e populaasjegrutte. Bosk foarmet in belangryk habitat foar it fûgeltsje en der is sprake fan ferneatiging fan bosk yn syn ferspriedingsgebiet. Dêrom wurdt ynearsten oannommen dat der sprake is fan in licht tebekrinnen fan 'e populaasjegrutte. De fûgel wurdt troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige klassifisearre (2024).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
