Guadalcanal
Guadalcanal | ||
geografy | ||
lokaasje | Stille Oseaan | |
lân | ![]() | |
koördinaten | 9°48'S 167°6'E | |
algemien | ||
haadstêd | Honiara | |
ynwennertal | 161.197 (2021) | |
sifers | ||
oerflak | 5.302 km² | |
heechste punt | 2.335 m | |
kaart | ||
Guadalcanal is it grutste eilân fan 'e Salomonseilannen, in eilânesteat yn 'e Súdlike Stille Oseaan eastlik fan Papoea Nij-Guinea. De haadstêd Honiara leit oan 'e noardlike kust fan it eilân. It eilân is likernôch 5.336 km² grut, en hat bergen, reinwâlden en in tropysk klimaat. Yn 'e Twadde Wrâldkriich is der tusken Japan en de Feriene Steaten slim fochten om it eilân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De earste bewenners fan Guadalcanal wiene Melaneezjers, dy't dêr al tûzenen jierren wenne hawwe. Se libben fan lânbou, fiskerij en hannel tusken de eilannen. Yn 1568 ûntduts de Spaanske ûntdekkingsreizger Álvaro de Mendaña de Neira it eilân, dy't it nei syn berteplak yn Spanje de namme Guadalcanal joech. Spanje kolonisearre it eilân lykwols net en it duorre noch oant de 19e iuw doe't de regio Europeeske ynfloeden krige. Ynearsten troch misjonarissen en hannelslju en letter troch in Britsk koloniaal bestjoer.
Yn 1893 waard Guadalcanal ûnderdiel fan it Britsk Protektoraat fan 'e Solomonseilannen. De Britten stiften missy's, bouden foarsjenningen en yntrodusearren Europeeske noarmen en wensten. Guon ynwenners waarden yn dy tiid twongen of oantrune om te wurkjen op bygelyks plantaazjes yn Europeeske koloanjes, lykas Austraalje. De omstannichheden fan 'e kontraktarbeiders wiene faak net folle better as dy fan 'e slavehannel. Op it eilân sels ûntstiene ek plantaazjes mei kokospalmen.
Slach om Guadalcanal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nei de Japanske oanfal op Pearl Harbor (desimber 1941) begûn Japan mei faasje grutte dielen fan 'e Stille Oseaan te oermasterjen. Yn maaie 1942 setten de Japanners by de Lunga útein mei it oanlizzen fan in fleanfjild op Guadalcanal. Dy basis moast de loft- en marine-oanfallen yn 'e rjochting fan Fidzjy, Nij-Kaledoanje en lang om let Austraalje ûnderstypje. Fanwegen it grutte strategyske belang fan Guadacanal lânen de Amerikaanske troepen op 7 augustus op it eilân. De Slach om Guadalcanal wie it earste grutte lânoffinsyf fan 'e Amerikanen yn 'e Stille Oseaan. Al gau namen de Amerikanen it noch net foltôge fleanfjild yn en hja doopte it om ta Henderson Field. Dêrnei folge in tige fûle striid fan sân moanne lang mei swiere fjildslaggen yn 'e jungle en seeslaggen op it wetter om it eilân. Net allinne de fijân mar ek malaria, de minne omstannichheden en tropyske sykten easken slachtoffers. De Amerikanen hiene de oermacht en yn febrewaris 1943 moasten de lêste Japanske troepen evakuëarre wurde. De Amerikaanske oerwinning op Guadalcanal foarme in kearpunt yn 'e oarloch yn 'e Stille Oseaan.

Ek foar de befolking betsjutte de oarloch in grutte ramp. In soad ynwenners waarden twongen om foar de Japanners te wurkjen as arbeiders. De saneamde coastwatchers spilen in wichtige rol by de Amerikaanske oermastering fan it eilân. Dat wiene faak lânseigen minsken, dy't foar de Alliearde troepen de earen en eagen wiene en de Amerikanen oan ynformaasje holpen oar bygelyks Japanske troepebewegingen, Japanske fleantugen of de manoeuvrearjende skippen.
It fleanfjild en de striid soene it eilân foar altiten feroarje. Ferskillende doarpen waarden ferneatige en de natuerlike omjouwing rekke slim skansearre. De wrakstikken en oantinkens op en om it eilân foarmje hjoed-de-dei foar toeristen wichtige attraksjes.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De measte ynwenners binne Melaneezjers en fierder binne der lytse Polynezyske, Aziatyske en Europeeske minderheden. De taal is offisjeel Ingelsk, mar der wurdt njonken lokale talen in soad Pijin praat. De kultuer is in mingeling fan tradisjonele stammekultueren en moderne ynfloeden.
De befolking is yn grutte mearderheid (95%) kristlik en meast anglikaansk, roomsk of protestantsk. De tsjerken spylje ek hjoed-de-dei in grutte rol yn it deistich libben by ûnderwiis, sosjale stipe en it mienskiplik libben.
Natoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Guadalcanal is it grutste eilân fan 'e Salomonseilannen. It is bercheftig mei rivieren, wetterfallen en tropyske bosken, fral yn 'e bergen lykas de Mount Popomanaseu, de heechste berch fan de Salomonseilannen. It klimaat is tropysk.
It eilân hat in tige rike natoer en in grut oantal bisten binne endemysk lykas de Salomonsboskiisfûgel, ferskillende soarten gekko's (lykas de Guadalcanalboskgekko), slangesoarten en ferskillende plantesoarten. Troch houtkap, útwreiding fan plantaazjes en klimaatferoaring stiet de natoer op it eilân ûnder druk. It tafersjoch yn 'e beskerme gebieten is net tarikkend.
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Guadalcanal fan Wikimedia Commons. |