Grutte tropengint
| grutte tropengint | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Sula magna | ||||||||||||
| Stucchi, 2003 | ||||||||||||
| útstoarn (fossyl) | ||||||||||||
De grutte tropengint (wittenskiplike namme: Sula magna), net te betiizjen mei de grutte gint (Morus magnus), in oare fossile gintfûgel, is in útstoarne fûgel út it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), de famylje fan 'e gintfûgels (Sulidae) en it skaai fan 'e tropenginten (Sula). Dizze fûgel libbe yn it Mioseen yn it doetiidske Perû.
Lokaasje en datearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fossilen fan 'e grutte tropengint binne yn 2000 troch in M. Urbina opgroeven yn 'e Piscoformaasje, in rotsformaasje oan 'e súdlik-sintrale Pasifyske kust fan Perû, tusken de stêden Pisco yn it noarden en Chala yn it suden. It sekuere fynplak wie Nivel Montemar, yn 'e neite fan Lomas. De grûnlaach wêryn't de fossilen oantroffen waarden, datearre út it Let-Mioseen. Der wurdt sadwaande ornearre dat de grutte tropengint libbe fan likernôch 7,2 miljoen oant 5,3 miljoen jier lyn.
| De lizzing fan Nivel Montemar yn Perû. | ||
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte tropengint waard foar it earst yn 2003 wittenskiplik beskreaun troch de Perûviaanske paleöntolooch Marcelo Stucchi. De wittenskiplike namme Sula magna betsjut letterlik: "grutte" (magna) "tropengint" (Sula). It holotype bestiet út in boppe-earmbonke, it efterste part fan in piipbonke, in fragmintaryske karpometakarpus en in diel fan 'e ravensbeksbonke, allegearre fan 'e lofterside fan it lichem.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte tropengint ûnderskiedt him fan oare soarten (fossile en libbene) tropenginten troch in oansjenlik mânskere lichemsgrutte. Hy wie 20% grutter as de grutste libbene soarte tropengint fan tsjintwurdich. De grutte tropengint wie fan ferlykbere grutte mei de troch de Amerikaanske paleöntologe Hildegarde Howard yn 1978 beskreaune grutte gint (Morus magnus) út Kalifornje, in fûgel út it nau oan 'e tropenginten besibbe skaai fan 'e ginten (Morus).
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |