Grutte trap
| grutte trap | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Otis tarda | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel wintergast |
De grutte trap (Otis tarda) is in grutte fûgel út 'e famylje fan 'e trapfûgels (Otididae), dy't fan oarsprong yn steppegebieten briedt. Yn Europa binne de grutste oantallen te finen yn Spanje. Fierders binne der ferskate isolearre populaasjes, ûnder mear yn Portegal, Dútslân, Eastenryk en Hongarije; yn Nederlân is it in tige seldsume dwaalgast.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It mantsje fan 'e grutte trap wurdt 90 oant 105 sm lang. De wyfkes binne lytser en wurde tusken de 75 en 85 sm lang. De spanwiidte fan it mantsje is 210 oant 240 sm en dy fan 'e wyfkes 170 oant 190 sm. De mantsjes fan 'e grutte trap binne de swierste fûgels út 'e regio dy't fleane kinne. De mantsjes binne likernôch twa kear sa swier as de wyfkes: se weagje tusken de 8 en 16 kg, wylst de wyfkes 3,5 oant 5 kg weagje.

Yn 'e flecht falle it swiere boarst en de grutte wite flakken op 'e wjukken fuortendaliks op. De flecht liket op dy fan in earn, mei swiere en djippe wjukslaggen. Op 'e grûn binne de mantsjes te werkennen oan 'e readbrune boppewjukken en sturt, de grize hals, de kastanjebrune boarstbân, de wite búk en it wyt op 'e wjuk. Se meitsje in tige grutte yndruk en hawwe in dikke nekke. By de balts falle benammen de wite fearren op. De wyfkes binne in stik lytser, hawwe in tinnere nekke en misse de kastanjebrune boarstbân en sturt. Ek hawwe se minder wyt op 'e boppewjuk.
It iennichste oare lid út 'e famylje fan 'e trappen yn Europa is de lytse trap (Tetrax tetrax). Lykas de namme al oanjout, is dy soarte in stik lytser, en sawol de mantsjes as de wyfkes lykje wat fearrekleed oanbelanget net op 'e grutte trap.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte trap is fan oarsprong in fûgel dy't yn steppelânskippen briedt. Sûnt de midsiuwen hat er lykwols ek de saneamde kultuersteppes fan Europa befolke. Hjoed-de-dei binne troch it feroare lângebrûk in soad leefgebieten ûngeskikt wurden en dêrom is de soarte út grutte parten fan syn oarspronklike ferspriedingsgebiet ferdwûn. It hjoeddeiske ferspriedingsgebiet is tige fragmintearre.
In ferdieling fan 'e folsleine populaasje (globaal fan west nei east) jout it folgjende byld: foar de westlike ûndersoarte O. t. tarda waarden yn 2022 yn Marokko 72–78 eksimplaren teld (Alonso et al. 2023), yn 2021 yn Portegal 939 eksimplaren (Instituto da Conservação da Natureza e das Florestas en Liga para a Protecção da Natureza 2018), yn 2019 yn Spanje 22.000–24.000 eksimplaren (Palacín en Alonso 2021), yn 2022 yn Dútslân 315 eksimplaren (LIFE Great Bustard 2022), yn 2022 yn West-Pannoanje – dêr't yn dit gefal Eastenryk, westlik Hongarije en Slowakije ta rekkene wurde – 634 eksimplaren (LIFE Great Bustard 2022), yn 2022 yn East-Pannoanje – dêr't sintraal en eastlik Hongarije, Roemeenje en Servje ta rekkene wurde – 1.495 eksimplaren (LIFE Great Bustard 2022), yn 2019 yn Turkije 559–780 eksimplaren (Özgencil et al. 2022), yn 2016–2017 yn Iran 33–35 eksimplaren (Abdulkarimi 2022), yn 2015 yn 'e Oekraïne 225–300 eksimplaren (Andryushchenko 2009, Beskaravainyi 2015 neffens Kessler 2022), yn 2021 yn Europeesk Ruslân 1.870 eksimplaren (Oparina en Oparin 2021), yn 2014–2016 yn Sintraal-Aazje – dêr't Aziatysk Ruslân en Kazachstan ta rekkene wurde – 179–364 eksimplaren (Kornev en Gavlyuk 2019, Rustamov 2022, Kashkarov et al. 2022, Muratov en Talbonov 2022, Kulagin 2022, Shakula et al. 2022a, Koshkin et al. 2022, Kessler en Bidashko 2022, Nefedov 2022, neffens Kessler 2022), en yn 2016 yn noardwestlik Sina 17 eksimplaren (Wang en Yang 2022).
Foar de eastlike ûndersoarte O. t. dybowskii wurdt de populaasje op 1.300–2.200 eksimplaren rûsd, ferdield oer it hiele ferspriedingsgebiet, dat Mongoalje, súdeastlik Ruslân en noardeastlik Sina omfettet (Kessler et al. 2021; Kessler en Batbayar 2023).
Op basis fan dizze sifers bestiet de Spaanske populaasje tsjintwurdich út likernôch trijefearn fan 'e wrâldpopulaasje fan 'e soarte.

Yn Slowakije binne in soad beskermingsmaatregels foar de soarte nommen yn it Natura 2000-gebiet Sysľovské polia flak ûnder Bratislava, dêr't alle jierren likernôch 200 eksimplaren út Eastenryk en Hongarije oerwinterje. Dêrnjonken binne ek beskermingsmaatregels nommen om it plak Lehnice hinne, dat op in ôfstân fan 20 oant 22 km fan 'e tichtstby lizzende briedplakken yn Hongarije leit. Yn 2005 en 2010 waard der yn Sysľovské polia bret en der is hope dat de soarte him dêr wer fêstigje sil; ek waard yn 2015 op 'e nij in grutte trap waarnommen yn 'e buert fan Lehnice.
Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte trap wie foar 1800 noch in briedfûgel yn Nederlân. Tusken 1800 en it begjin fan 'e tweintichste iuw binne der trije meldingen fan mislearre briedpogingen dien.
De soarte komt út en troch by ús foar as seldsume ynfaazjegast, benammen yn strange winters. It giet dêrby yn hast alle gefallen om fûgels út it easten fan Dútslân. It jier 1979 wie in ynfaazjejier en doe waarden 125 eksimplaren fêststeld. Ek de winters fan 1981–1982, 1984–1985 en 1986–1987 wiene ynfaazjejierren. Yn 1994, 1996 en 1997 waarden noch in pear fûgels waarnommen, mar yn 'e ienentweintichste iuw bleaune waarnimmingen út, oant der yn 2010 wer in eksimplaar sjoen waard.
Foar de jierwikseling fan 2019 waard in wyfke fan 'e grutte trap waarnommen yn Oostvoorne. Dat wie in fûgel mei in stjoerder en in poatring, nei alle gedachten ôfkomstich út Dútslân. Om 'e krystdagen fan 2021 hinne waard in grutte trap by Warkum sjoen. Ek dy fûgel hie in stjoerder en wie ôfkomstich út Brandenburch yn Dútslân.
Dútslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De populaasjes dy't it tichtst by Nederlân lizze, binne te finen yn Brandenburch en it oangrinzgjende diel fan Saksen-Anhalt, yn 'e gebieten Havelländisches Luch, Belziger Landschaftswiesen en Fiener Bruch, by Genthin.
De populaasje naam yn Dútslân earder sterk ôf, mar nei beskermingsmaatregels koe de populaasje him stabilisearje. Sûnt 1997 is de soarte dêr wer yn tal tanommen. De beskermingsmaatregels laten boppedat ek foar in tanimming fan it tal fjildmûzen en foar in grutter ferskaat oan planten. Ek de kwetsbere koarnmosk (Miliaria calandra) en de skiere hoanskrobber (Circus pygargus) profitearren mei.
Feriene Keninkryk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lêste grutte trap yn it Feriene Keninkryk waard yn 1832 deasketten. Yn it suden fan Ingelân is wurke oan 'e werynfiering fan 'e grutte trap op Salisbury Plain. It LIFE+-projekt sette yn 2004 útein en duorre tsien jier. It doel wie om in selsstannige populaasje op te bouwen.
De útsette jonge grutte trappen kamen út lânbougebieten yn 'e Russyske oblast Saratov. Tusken 2004 en 2009 waarden 86 eksimplaren frijlitten. Yn it earste jier wie it oerlibbingspersintaazje mar 18,3%; fan 'e oerlibjende fûgels wie nei it twadde jier noch 74,6% yn libben. Yn 2007 waard foar it earst bret en koe in jong útfleane. Yn it lêste jier fan it LIFE+-projekt waarden aaien út Spanje helle en yn it Feriene Keninkryk útbret. Yn 2014 waarden op 'e nij 33 eksimplaren frijlitten. Yn 2022 bestie de populaasje dêr út hast 100 fûgels (Great Bustard Group, 2023), mar de populaasje wurdt noch net as selsstannich beskôge.
Sweden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Sweden is de grutte trap sûnt it midden fan 'e njoggentjinde iuw útstoarn. De lêste fûgel fan 'e Sweedske populaasje waard op 28 april 1895 deasketten. Potinsjele gebieten dy't grut genôch binne foar in sûne populaasje fan 'e grutte trap lizze yn Skåne en op Öland. De mooglikheden foar werynfiering wurde dêr op it stuit ûndersocht.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It leefgebiet fan 'e fûgel leit yn kontinintaal Euraazje, benammen yn 'e steppegurdle. De grutte trap hat in foarkar foar drûch greidlân en steppegebieten. Yn Spanje komt de soarte foar op boulân mei nôtgewaaks en op syn minst in like grut oerflak oan braaklizzend terrein. Yn Sintraal-Europa is de soarte ôfhinklik fan tradisjoneel beheard greidlân. Yn Hongarije komt de soarte op 'e pûsta foar, dêr't ek lânbouperselen tusken lizze. Yn kultuerlânskippen jouwe de braaklizzende terreinen en net-brûkte fjildrânen beskerming en wurde se brûkt om te foerazjearjen.
Brieden en baltsgedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De aaien wurde tusken april en maaie lein, en yn juny yn 'e kâldere, eastlike parten fan it ferspriedingsgebiet. De wyfkes lizze ornaris twa aaien, dy't se 25 dagen lang útbriede. Soms lizze se ien of trije aaien. De piken bliuwe by it wyfke oant it folgjende jier, as de briedsyklus op 'e nij begjint. It nêst wurdt op 'e grûn boud, faak yn 'e buert fan 'e baltsplakken.
Jonge mantsjes fleane meastentiids 5 oant 65 km fan it plak dêr't se berne binne, wylst jonge wyfkes har fêstigje op plakken dy't mar 0,5 oant 5 km fan it berteplak ôf lizze. De jonge fûgels bliuwe faak yn 'e buert fan soartgenoaten, ek al binne de omstannichheden yn oanbuorjende gebieten better. De wyfkes begjinne mei brieden tusken har twadde en fjirde libbensjier, de mantsjes pas yn har fyfte of sechsde libbensjier.

It baltsgedrach fan 'e grutte trap is spektakulêr, wêrby't de mantsjes de kop yn 'e nekke lizze, harren kielsek opblaze en de fearren opsette. In soad wite fearren wurde dan sichtber en it liket dan krekt as is de fûgel binnenstebûten keard.

De baltsplakken binne grut en de mantsjes steane faak sa'n fyftich meter útinoar. As it baltsseizoen fierder ferrint, wurdt dy ôfstân jimmeroan grutter. De wyfkes rinne der faak foerazjearjend tuskentroch, wylst se tagelyk de mantsjes besjogge. De âldste en swierste mantsjes hawwe de grutste kâns om troch in wyfke keazen te wurden, om't har kar foar in grut part fan it gewicht fan it mantsje ôfhinget.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grutte trappen binne omnivoaren. Winterdeis ite se faak gewaaks lykas klaver, luzerne, swarte moster, knolrapen en nôtsoarten. Simmerdeis ite se folle ôfwikseljender; sa'n 40% fan har dieet bestiet dan út wringeleaze bisten.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte trap is in kwetsbere fûgel, om't by de moderne lânbou it lân folle yntinsiver bewurke wurdt en oar gewaaks ferboud wurdt. Fierders rekket it leefgebiet fragmintearre troch de oanlis fan diken, elektrisiteitsliedingen, yrrigaasje en bebouwing. Dêrtroch is de grutte trap yn grutte parten fan Europa útstoarn. Yn Sintraal-Aazje foarmet njonken dy bedrigingen ek de jacht op 'e soarte in bedriging. De IUCN klassifisearret de fûgel as bedrige (Endangered op 'e Reade List.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Bedrige fûgel
- Grutte trap
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan

