Grutte túfpinguïn
| grutte túfpinguïn | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Eudyptes sclateri | ||||||||||||
| Buller, 1888 | ||||||||||||
| IUCN-status: bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De grutte túfpinguïn of grutte toefpinguïn (Eudyptes sclateri) is in Nijseelânske pinguïn en in bedrige seefûgelsoart, dy't briedt op 'e Bountyeilannen en de Antypoade-eilannen.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De grutte túfpinguïn wurdt 50 oant 70 sm lang en weaget 2,5 oant 6,0 kg. It is in middelgrutte pinguïn, swart oan 'e boppekant mei in blauwe glâns op 'e rêch. De pinguïn liket in soad op 'e Fjordlântúfpinguïn en hat ek in foarse snaffel dy't oranje oant readich is, mar mei in blau-grize basis en dêr in fleiskleurich flues. Fierder binne de wite streken op 'e kop ôfwêzich. De túf is giel en begjint leger, rint tichteby it each, en einiget yn in frij lange, faak omheech bûge túf. It mantsje is wat grutter as it wyfke en hat, lykas by de measte túfpinguïns, in gruttere snaffel.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas alle pinguïnsoarten bringt de fûgel bûten it briedseizoen de tiid troch op 'e iepen see. De soarte wurdt op it hiele seegebiet súdlik en súdeastlik fan Nij-Seelân oantroffen. Se foerazjearje nei alle gedachten op krill, mar goed ûndersyk nei harren iten ûntbrekt. De grutste briedkoloanjes binne op 'e Bountyeilannen en de Antypoaden. De fûgel briedt op rotsige kusten, kliffen oant 75 m boppe seenivo, of op strannen en tusken gerspollen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte túfpinguïn leit twa aaien. Yn 1998 waard ûntdutsen dat in soad wyfkes it earste aai út it nêst rôlje. Om't it earste aai fan 'e soarte folle lytser (25% oant 70%) is as it twadde, kieze de memmen derfoar om it lêste te hâlden. Tocht wurdt dat it formaatferskil is te ferklearjen om't it earste aai foarme wurdt as de fûgels noch migrearje nei harren briedeilannen foar de súdkust fan Nij-Seelân. It twadde aai wurdt sawat fiif dagen nei it earste lein. It ferskil yn aaigrutte is by oare fûgelskaaien tige ûngewoan. Neffens ûndersyk soe de ferklearring fan it nuvere gedrach fan 'e pinguïn om it earste aai út it nêst te rôljen wêze, dat de hoemannichte krill en inketfisk folle minder is as yn 'e tiid fan har foarâlden.[1]
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte túfpinguïn hat in lyts briedgebiet en dêrom is der in reële kâns op útstjerren. De grutte fan 'e populaasje waard yn 2011 op 150.000 folwoeksen fûgels rûsd. Tusken 1978 en 1995 binne de oantallen mei de helte tebek rûn, alhoewol't de delgong hjoed-de-dei mooglik minder rap is. Dêrfandinne wurdt de soarte op 'e Reade list troch de IUCN as bedrige (Threatened, 2020) klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
