Grutte swartkopmiuw
| grutte swartkopmiuw | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ichthyaetus ichthyaetus | ||||||||||||
| Pallas, 1773 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
wintergast |
De grutte swartkopmiuw (Ichthyaetus ichthyaetus) is in grutte miuwesoarte dy't yn koloanjes briedt by swietwettergebieten yn Aazje. De fûgel oerwinteret oan 'e kusten fan it eastlike Middellânske Seegebiet, it Arabysk Skiereilân en Yndia.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De grutte swartkopmiuw is in grutte miuw, dy't mei in lingte fan 58–65 sm en in spanwiidte fan 1,4–1,6 m hast like grut is as de grutte sjouwerman. De soarte is maklik te ûnderskieden want gjin inkelde oare miuw fan 'e selde grutte hat in foslein swarte kop. Fierders hat er in grize mantel en grize wjukken mei swart mei wite wjukpunten en in wite ûnderkant. Hy hat giele poaten en in giele snaffel mei in reade punt en in swarte bân oer de reade punt. Yn alle oare kleden hat er in donker masker efter it each dat de folwoeksen swarte kap ferriedt. Yn it winterkleed ferliest de fûgel syn folslein swarte kop. De kop is dan foaral wyt, mei in donker masker efter it each dat de posysje fan 'e eardere swarte kap ferriedt. De hals en de efterkop ha i.

De juvenyl hat in brúngrize tekening oer de hiele rêch en wjukken. De kop is ek ljochtbrún oant griisftich en hy hat in swarte snaffel. De grutte swartkopmiuw ûntwikkelet syn fearrekleed fluch yn ferliking mei in soad oare grutte miuwen; al yn 'e earste winter kriget de fûgel in effen grize rêch. Yn dat kleed hat er ek in swarte, frij brede bân oan 'e ein fan 'e fierder wite sturt. Yn it twadde winterkleed is de boppekant fan 'e wjukken ek meast effen griis en begjint de swarte sturtbân te ferdwinen. It duorret fjouwer jier foardat er it folwoeksen fearrekleed hat. Syn lûd is in djip, skreauwich 'aargh'.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is in trekfûgel dy't briedt fan súdlik Ruslân oant Mongoalje. Hy oerwinteret oan 'e kust fan it eastlik Middellânske Seegebiet, op it Arabysk Skiereilân en yn Yndia. In soad jonge fûgels bliuwe simmerdeis omswalkjen yn it winterkertier. De fûgel wurdt tige selden waarnommen yn West-Europa, mei waarnimmings yn ûnder oare Belgje, Denemark, Noarwegen, Frankryk en Portegal. Yn it Feriene Keninkryk is nei in resinte kontrôle fan alle waarnimmings mar ien akseptearre gefal oerbleaun, út 1859.
Taksonomy en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte swartkopmiuw waard yn 1773 foar it earst taksonomysk beskreaun troch Peter Simon Pallas op basis fan in eksimplaar dat fongen wie by de Kaspyske See. De soarte wurdt as monotypysk beskôge, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten binne. Nei genetysk ûndersyk is de soarte troch in soad ynternasjonale autoriteiten, lykas it IOC, yn it skaai Ichthyaetus set.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte swartkopmiuw begjint begjin april by swiet wetter yn koloanjes yn wiete gebieten en op flakke eilannen te brieden. Koloanjes besteane faak út minimaal 10 pearen, wêrby't 150–300 pearen gewoan is en yn ekstreme gefallen oant 3.000 pearen. Bûten de briedtiid is er faak allinnich of yn lytse groepkes fan trije oant fjouwer fûgels te sjen, mar hy sliept faak yn gruttere groepen. It nêst wurdt fuort op 'e grûn boud en der wurde twa oant fjouwer aaien lein. It iten bestiet út fisk, kreefteftigen, ynsekten en soms ek lytse sûchdieren.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte swartkopmiuw hat in tige grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje. Yn Turkmenistan is de fûgel fanwegen habitatferlies útstoarn, mar op oare plakken is de populaasje stabyl of nimt dy sels yn oantal ta (2026). Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de soarte de status 'net bedrige' (Least Concern).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Swartkopmiuw
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Bachrein
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Katar
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn de Reade See
- Lânseigen fauna yn de Perzyske Golf
- Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan
- Lânseigen fauna yn de Swarte See
- Lânseigen fauna yn de Kaspyske See
