Springe nei ynhâld

Grutte sjouwerman

Ut Wikipedy
grutte sjouwerman
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaaimiuwen (Larus)
soarte
Larus marinus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet


     briedfûgel
     stânfûgel


     trekfûgel
     wintergast


De grutte sjouwerman (Larus marinus) is in fûgelsoarte yn it skaai miuwen (Larus) út de famylje seefûgels (Laridae)

De grutte sjouwerman is de grutste miuw en 74 sm lang mei in spanwiidte fan likernôch oardel meter. Folwoeksen fûgels ha in swarte mantel. De snaffel is giel mei in read plak en de poaten binne fleiskleurich. Hy hat in reade orbitale ring en giele irissen. Jonge fûgels binne brúnbûnt en krije yn 'e tredde maitiid harren donkere mantel.

De soarte komt yn in grut gebiet oan 'e kusten fan 'e noardlike Atlantyske Oseaan en de Noardsee foar. De meast wichtige briedplakken fan 'e grutte sjouwerman lizze oan 'e kusten fan Spitsbergen, Nova Sembla, Skandinaavje, Baltikum, de eastlike kust fan Grut-Brittanje, Yslân, súdlik Grienlân en oan 'e eastlike kust fan Kanada en de Feriene Steaten.

Foar in part bestiet de populaasje út trekfûgels, benammen de fûgels dy't briede yn Arktyske gebieten, mar ek de populaasje dy't briedt oan 'e kusten fan 'e noardlike Eastsee. Oaren fûgels binne stânfûgels of migrearje mar koarte ôfstannen.

Yn Nederlân komt de soarte foaral foar as wintergast. Sûnt de jierren 1990 is de fûgel yn ús lân yn it ramt fan in útwreiding fan it súdlike Europeeske ferspriedingsgebiet in briedfûgel yn lytse oantallen. It giet om 118-120 (2024) pearkes, dy't foar it grutste part yn 'e rivieredelta en op 'e Waadeilannen briede. As wintergast is de fûgel oan 'e hiele kust te sjen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nêst.

It nêst is op 'e grûn en bestiet út planten, gers en fearren. De likernôch trije aaien binne donkerbûnt en wurde yn 23 oant 26 dagen útbret.

De grutte sjouwerman is in opportunistyske fûgel wat iten oanbelanget en kin omskreaun wurde as omnivoar. Hy fret benammen fisk, mar kin syn dieet oanpasse oan 'e omstannichheden. Hy foerazjearret ek op jiskebulten, stelt it fretten fan oare seefûgels en hâldt him ek op by briedtkoloanjes fan oare seefûgels, dêr't er aaien en piken stelt. Ek is de grutte sjouwerman yn steat om ferswakke seefûgels te fersûpen, lykas alkfûgels, lytse seefûgels en mokfûgels.

De soarte hat in tige grut ferspriedingsgebiet en in grutte wrâldpopulaasje. Alhoewol't de ûntwikkeling fan 'e soarte net dúdlik is, klassifisearret de IUCN de fûgel as net bedrige (Last Concern, 2018) op 'e Reade list. Fan guon populaasjes nimme de oantallen ta, wylst op oare plakken de oantallen ôfnimme.

De Jeropeeske populaasje wurdt op 118.000–133.000 pearkes rûsd, dat op 236.000–266.000 folwoeksen fûgels delkomt. De noardwestlike Atlantyske populaasje wurdt rûsd op 690.000–940.000 folwoeksenen, wêrtroch't in wrâldpopulaasje wurdt op 500.000–999.999 fûgels rûsd. De sifers binne fan 2012.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: