Springe nei ynhâld

Grutte mients

Ut Wikipedy
Grutte mients

Simmerdracht

Winterdracht
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljesnipfûgels (Scolopacidae)
skaaigrillen (Calidris)
soarte
Calidris tenuirostris
Horsfield, 1821
IUCN-status:

De grutte mients (Calidris tenuirostris) is in middelgrutte steltrinner. It is ien fan 'e grutste soarten binnen it skaai grillen (Calidris). It is in trekfûgel dy't yn eastlik Sibearje briedt en winterdeis nei Súdeast-Aazje en Austraalje fleant.

De grutte mients is ien fan 'e grutste soarten fan it skaai grillen, út de famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae). De hoants (Calidris pugnax), mei syn dúdlike seksuele dimorfisme yn grutte, kin gruttere mantsjes hawwe, mar de wyfkes dêrfan binne in stik lytser. De nau besibbe soarten, de brâninggril (Calidris virgata) en de mients (Calidris canutus), binne de folgjende yn grutte. Folwoeksen grutte mientsen kinne 26 oant 30 sm lang wurde, mei in wjukspanwiidte fan 56 oant 66 sm en in gewicht fan 115 oant 261 gram.

Dizze soarte hat koarte donkere poaten en in tinne, donkere snaffel fan middelgrutte lingte. Briedende folwoeksen fûgels hawwe spikkelige, grize boppedielen mei in dúdlike bân fan readbrune fearren op 'e skouders. De kop, kiel en boarst binne swier swart spikkele, en der binne ek wat streken op 'e efterbûk. Winterdeis wurdt it fearrekleed boppe-op ljochtgriis.

De soarte is fan 'e mients te ûnderskieden troch syn briedkleed; by de mients binne de kop, de kiel en it boarst opfallend read. Yn oare kleden kin de grutte mients identifisearre wurde troch syn gruttere omfang, langere snaffel, in rûner boarstprofyl en de mear streke boppedielen.

Harren briedgebiet is de tûndra yn it noardeasten fan Sibearje, Ruslân. Se bouwe harren nêst op 'e grûn, wêrby't se likernôch fjouwer aaien yn in kûltsje yn 'e grûn lizze. Se binne sterke trekfûgels dy't oerwinterje oan 'e kusten fan Súdeast-Aazje oant Austraalje. Dizze soarte foarmet winterdeis ûnbidige kloften.

Oerwinterjende fûgels.

De soarte wurdt ek hast alle jierren yn lytse oantallen waarnommen yn 'e simmer yn westlik Alaska (Feriene Steaten), en yn 'e winter yn lytse oantallen yn it westen oant Pakistan, Oman en de Feriene Arabyske Emiraten. As dwaalgast is de fûgel waarnommen yn Grut-Brittanje, Marokko, Nij-Seelân, Britsk-Kolumbia (Kanada). Yn 'e Feriene Steaten is de fûgel ek wolris sjoen, ûnder mear yn 'e steaten Oregon, West-Firginia en Maine.

Binnen it skaai Calidris is de grutte mients it meast besibbe oan 'e mients. De namme fan it skaai komt fan it Aldgrykske kalidris of skalidris, in term dy't Aristoteles brûkte foar guon grize fûgels dy't by it wetter libje. De soartnamme tenuirostris komt fan it Latynske tenuis ("slank") en rostrum ("snaffel").

Dizze fûgels sykje harren iten op waadflakten en strannen. De fûgel siket it iten mei de snaffel op 'e taast mar ek mei de eagen as er in lytse beweging op it oerflak sjocht. Se ite benammen weakdieren en ynsekten.

De fûgel wurdt troch de IUCN sûnt 2015 as bedrige klassifisearre. De populaasje rint tebek, benammen troch it ferlies fan rêstgebieten op 'e trek. It drûchlizzen fan grutte waadgebieten foar lânwinning en yndustry oan bygelyks de Giele See yn Sina en Súd-Koreä hat grutte ynfloed op it habitat fan 'e soarte. Yn 'e wintergebieten soargje minsken foar fersteuring en dêrnjonken wurdt der in yn guon dielen ek noch jage op 'e fûgels.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: