Grutte karein
Grutte karein | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() jerk ![]() wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Aythya valisineria | ||||||||||||
Wilson, 1814 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() |
De grutte karein (Aythya valisineria) is in fûgel fan it skaai (Aythya) jollings út de famylje einfûgels (Anatidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De grutte karein wurdt 48 oant 56 sm lang, weecht 862 oant 1.600 gram en hat in spanwiidte fan 79 oant 89 sm. It is de grutste ein yn it skaai en likernôch like grut as de wylde ein. Jerken ha in swarte snaffel, in kastanjereade kop en nekke, in swart boarst, in griiseftige rêch, in swarte romp en in swartbrune sturt. De flanken, rêch en búk ha in fyn patroan dat oan kanvas tinken docht, fandêre syn ingelske namme canvasduck. De iris fan it jerkje is readoranje, mar winterdeis minder helder fan kleur, syn poaten binne blaueftich griis.
It wyfke hat ek in swarte snaffel, in ljochtbrune kop en nekke op it boarst oergeand yn donkerder brún. It kin en de hals binne ljochter. De flanken en rêch binne griiseftich brún. De snaffel is swart en de poaten binne blaueftich griis. Har iris is brún en by it each sit in ljocht streekje.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grutte kareinen briede yn sompen op 'e Noard-Amearikaanske prêrjes. Se bouwe it nêst fan wetterplanten tusken bygelyks bargjeblommen en sette dat ôf mei dûns. It ferlies fan briedgelegenheid late ta de ôfname fan 'e populaasje. Al jierren foarmet de ein in nij pearke yn 'e wintergebieten. Oare belangrike briedgebieten binne de rivierdelta's yn Saskatchewan en it binnenlân fan Alaska.
Foar de winter lûkt de grutte karein nei it suden fan Noard-Amearika oant it noarden fan Meksiko ta. Brakke estuaria en sompen mei in oerdied oan ûnderwetterbegroeiïng en wringeleaze dieren binne de ideale wintergebieten foar grutte kareinen. It belangrykse oerwinteringsgebiet wie eartiids de Chesapeakebaai. De helte fan'e populaasje oerwintere dêr yn 'e jierren 1950. Healwei de jierren 1980 oerwintere dêr noch mar 10% fan 'e populaasje, itjinge te meitsjen hie mei it ferdwinen fan 'e ûnderwetter floara dêre. In soad grutte kareinen oerwinterje sûnt súdliker yn 'e kustgebieten fan Kalifornje en de benedenrin fan 'e Mississippi. Somtiden wurdt de soarte op 'e Britske eilannen as dwaalgast waarnommen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populaasje hat bot fluktuearre. Troch de lege oantallen fan 'e jierren 1980 wie de grutte karein kwetsber, mar yn 'e jierren 1990 gie it goed mei de ein en koe de populaasje ûnbidich groeie. De fûgels binne tige gefoelich foar drûchte en ôfwettering fan wiete gebieten op 'e prêrjes fan Noard-Amearika.
Grutte kareinen trekke oer grutte ôfstannen. Troch harren briedgebieten te beskermjen wurdt de soarte yn stân holden, ek al wurdt der bûten dy briedgebieten op 'e fûgels jage.
De populaasje wurdt hjoed-de-dei as stabyl beskôge en nimt sels wat ta. Rûsd wurdt dat de populaasje út likernôch 690.000 fûgels (2020) bestiet.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Birdlife, oproppen 26 jannewaris 2025.
- IUCN, oproppen 26 jannewaris 2025.
- Ebird, oproppen 26 jannewaris 2025.
- Avibase, oproppen 26 jannewaris 2025.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch: en:Canvasback
|