Springe nei ynhâld

Grutte iismiuw

Ut Wikipedy
grutte iismiuw
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaaimiuwen (Larus)
soarte
Larus hyperboreus
Gunnerus, 1767
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     stânfûgel

     net briedend


De grutte iismiuw (Larus hyperboreus) is in fûgel út de famylje fan 'e seefûgels (Laridae).

Grutte iismiuw yn winterdracht.

De grutte iismiuw is in grutte en krêftige miuw, likernôch 62 oant 68 sintimeter lang mei in spanwiidte fan 138 oant 158 sm. De soarte hat in tige ljocht fearrekleed sûnder swarte dielen op 'e wjukken of oan 'e sturt en hat ljochtrôze poaten.

Folwoeksen fûgels binne simmerdeis boppe ljochtgriis, mei in giele snaffel en in read plakje op 'e ûndersnaffel en in fierder folslein wyt fearrekleed. Se hawwe in ljocht each mei in giele iris en meastentiids in giele, somtiden reade eachring. Winterdeis ha se griisbûnte fearren op 'e kop en yn 'e nekke.

Jonge fûgels.

Juvenilen binne yn it earste jier fral ljochtbrún oant ljochtbêzje. Se ha in fleiskleurige snaffel mei in donkere punt en de eagen binne donkerbrún oant hast swart. Yn in twadde faze krije de fûgels in folle ljochter fearrekleed; by guon jonge fûgels wurdt it fearrekleed hast folslein wyt. De basis fan 'e snaffel wurdt gielich mar de punt is noch donker. De tredde winter wurdt de fûgel ljochtgriis mei noch hieltiten wat brún, mar mei mear kontrast. De kop is lykas de sturt meast wyt. Yn it fjirde jier hat de fûgel it fearrekleed fan in folwoeksen grutte iismiuw.

De grutte iismiuw briedt yn 'e Arktyske regio's fan noardlik Ruslân, op eilannen yn noardlik Sibearje, yn Yslân, Alaska, Kanada, Grienlân en op 'e Midway-eilannen yn 'e Stille Oseaan. De Jeropeeske fûgels binne foar in part migrearjende fûgels, dy't oerwinterje op wetter by briedkoloanjes. Ferskate oare dielen fan 'e populaasjes binne trekfûgels. Winterdeis komt de grutte iismiuw foar fan 'e noardlike Atlantyske Oseaan en de noardlike Stille Oseaan foar mei as meast súdlik grins de Britske Eilannen en it noarden fan 'e Feriene Steaten, ynklusyf de Grutte Marren. Guon fûgels berikke út en troch it suden fan 'e Feriene Steaten en it noarden fan Meksiko.

Grutte iismiuwen wurde ferdield yn fjouwer ûndersoarten:

Waarnimmingen fan grutte iismiuwen yn Nederlân binne seldsum. Meiïnoar binne der winterdeis maksimaal in pear tsientallen oanwêzich. De measte kâns om yn Nederlân in grutte iismiuw waar te nimmen is yn 'e moannen jannewaris en febrewaris oan 'e Noardseekust, yn it Waadgebiet of de rivieredelta.[1]

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Piken.

De grutte iismiuw briedt allinnich of yn koloanjes, faak mei oare miuwen oan kusten en kliffen. It nêst wurdt direkt op 'e grûn of op in klif boud fan gers en moas. In lechsel bestiet meastentids út twa oant trije aaien, dy't troch sawol it wyfke as it mantsje útbret wurde. De aaien komme nei likernôch 28 dagen út en de jongen fleane nei seis oant sân wiken nei it útkommen út.

Grutte iismiuwen binne omnivoaren en foerazjearje meast swimmend of skarreljend. Hy hellet ek iten út it wetter of fangt yn 'e flecht lytse fûgels. De soarte wurdt regelmjittich yn fiskershavens oantroffen en folget faak fiskersboaten.

De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op sa'n 400.000-1.500.000 yndividuen (Wetlands International 2015). De Jeropeeske populaasje wurdt rûsd op 46.500-135.000 pearen, itjinge oerienkomt mei 93.000-270.000 folwoeksen yndividuen (BirdLife International 2015). De grutste populaasje fan Jeropa is op Yslân en oare gruttere populaasjes yn Jeropa binne op Spitsbergen, yn Ruslân en op Jan Mayen. Guon populaasjes binne stabyl, oare populaasjes binne ûnwis. De opwaarming fan 'e wrâld foarmet in bedriging foar de soarte, om't syn briedgebiet dêrtroch jimmeroan mear nei it noarden ferskood.

De IUCN beöardielet de populaasje as stabyl en kategorisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2018) op 'e Reade list.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: