Grutte glânsstaar
| grutte glânsstaar | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Lamprotornis australis | ||||||||||||
| Smith, 1836 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De grutte glânsstaar of grutte glânsprotter (Lamprotornis australis) is in fûgel yn it skaai glânsstaren (Lamprotornis) út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De likernôch 30 sm lange soarte is in grutte blaugriene oant pearse glânsprotter mei in lange sturt mei in rûne punt. Hy hat swarte eagen, de snaffel is donker en de poaten binne griis oant swart. De wjukken ha in subtile dwersbandearing en dat jildt ek foar de sturt. Grutte glânsstaren lykje op 'e Mevesglânsprotter, mar dy is lytser, blauwer en hat in langere sturt.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grutte glânsstaren komme yn it suden fan Afrika foar fan súdlik Angoala oant westlik Sambia, Namymbje, Mozambyk en noardlik Súd-Afrika.
Guon autoriteiten ferdiele de soarte noch jimmeroan yn twa ûndersoarten:
- Lamprotornis australis australis: Súdlik Angoala, súdlik en sintraal Namybje, súdwestlik Botswana en noardwestlik Súd-Afrika (benammen yn 'e Kalahary en omlizzende drûge savannes).
- Lamprotornis australis degener: Fral yn it noarden en easten fan it ferspriedingsgebiet, û.o. yn sintraal en eastlik Botswana, westlik Simbabwe en noardlik Súd-Afrika (benammen de provinsje Limpopo).
Op resintere listen lykas dy fan 'e International Ornithologists’ Union of it Handbook of the Birds of the World wurdt de soarte as monotypysk behannele, nei alle gedachten om't de ferskillen te lyts binne om se yn aparte ûndersoarten ûnder te bringen.
Pearkes en groepkes libje yn drûge savannes, fral by toarnbeammen. Se binne ek faak by minsken te sjen. De fûgel foerazjearret op 'e grûn en rint mei grutte stappen. Se ite ynsekten, lytse wringeleazen en plantaardich materiaal.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der bestiet gjin rûzing fan 'e oantallen fan 'e populaasje. Likemin is bekend wat de trend fan 'e soarte is. De IUCN klassifisearet de fûgel as net bedrige (LC, 2018).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
