Grutte gielkopgier
| grutte gielkopgier | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Cathartes melambrotus | ||||||||||||
| Wetmore, 1964 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De grutte gielkopgier (Cathartes melambrotus) is in fûgel út it skaai fan 'e kalkoengieren (Cathartes) yn 'e famylje fan 'e gierfûgels fan de Nije Wrâld (Cathartidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte gielkopgier is in grutte fûgel mei in lichemslingte oant 75 sintimeter en in wjukspanne fan 165 oant 178 sintimeter. It fearrekleed is swart mei yn it sinneljocht in opfallende griene en pearse glâns. De kop is keal en hat in kleur dy't fariëarret fan djipgiel oant ljochtoranje. De eagen binne read en de dikke snaffel hat in fleiskleur.
Yn ferliking mei de besibbe lytse gielkopgier is dizze soarte grutter, binne de fearren donkerder (minder brún) en is de sturt langer en breder. De sturt is rûn fan foarm en komt foarby de wjukken as de fûgel sit. Ek de kealens fan 'e kop rint by de grutte gielkopgier folle fierder oer de krún nei efteren as by syn lytsere sibbe.
Lykas de oare soarten yn it skaai hat er gjin syrinx en kin er allinne wat gromme en sêft systerje.
Fersprieding en leefgebiet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt foar yn it Súd-Amearikaanske Amazônegebiet, yn it noarden fan Súd-Amearika. Oars as syn sibben, dy't leaver op iepen flakten libje, hâldt de grutte gielkopgier him foaral op yn it tichte, tropyske reinwâld fan it leechlân.
De soarte is monotypysk, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten erkend wurde. De grutte gielkopgier waard earder mei de lytse gielkopgier as ien soarte beskûge. Sûnt 1964 wurde de twa as aparte soarten behannele.
Libbenswize
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgels libje fan ies en troch harren tige goed ûntwikkelde rookfermogen en sicht lokalisearje se de karkassen al fan fierrens. Om't se sels net sterk genôch binne om de hûd fan grutte karkassen iepen te skuorren om by it fleis te kinnen, wachtsje se faak op 'e komst fan 'e keningsgier. Se meitsje gebrûk fan 'e termyk om sûnder in soad ynspanning boppe it bosk te sweven.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It nêst wurdt makke op in flakke ûndergrûn yn grotten of op rotsrânen, mar ek wol yn holle beammen. It wyfke leit meastentiids twa bleke aaien mei brune plakjes. De jongen wurde fuorre troch't de âlden it iten opkoarje. Nei likernôch twa moannen fleane de jonge fûgels út.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte gielkopgier hat in hiel grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. Dêrom kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar Behâld fan 'e Natoer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Kalkoengier
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
