Grutte flamingo's
| Grutte flamingo's | ||
| Phoenicopterus roseus | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| skift: | flamingo-eftigen (Phoenicopteriformes) | |
| famylje: | flamingofûgels (Phoenicopteridae) | |
| skaai | grutte flamingo's (Phoenicopterus) | |
| Linnaeus, 1758 | ||
De grutte flamingo's (Phoenicopterus) foarmje it meast bekende fûgelskaai fan 'e famylje fan 'e flamingofûgels (Phoenicopteridae). It skaai bestiet út trije soarten dy't ferspraat oer de hiele wrâld foarkomme, fan 'e Amearika's oant Afrika, Europa en Aazje.
De fûgels binne grutter as de soarten út 'e skaaien Phoeniconaias en Phoenicoparrus. Se hawwe in snaffel dy't spesjalisearre is yn it filterjen fan gruttere proaien út it wetter en it slyk, lykas lytse kreeftkes (wêrûnder it pikelkreeftke Artemia salina), weakdieren en ynsektelarven. In opfallend anatomysk skaaimerk is dat se wol in lytse efterste tean (hallux) hawwe, wat harren ûnderskiedt fan 'e heechlânflamingo's.
De grutte flamingo (Phoenicopterus roseus) is de iennichste soarte dy't fan natuere yn Europa foarkomt. Dêrnjonken libbet de Sileenske flamingo (Phoenicopterus chilensis) as fêstige eksoat yn it grinsgebiet fan Nederlân en Dútslân, benammen yn it Zwillbrocker Venn, dêr't se sûnt de jierren 1980 briede.
De typesoarte fan it skaai is de reade flamingo (Phoenicopterus ruber).
| Soarten fan it skaai grutte flamingo's (Phoenicopterus) | ||||
|---|---|---|---|---|
| Ofbyld | Fryske namme | Wittenskiplike namme | Fersprieding | Status/Trend |
| rôze flamingo | Phoenicopterus roseus | Afrika, Súd-Jeropa en Súd- en Súdwest-Aazje | net bedrige | |
| reade flamingo | Phoenicopterus ruber | Karibysk Gebiet, Galapagoseilannen en Noard- en Súd-Amearika | net bedrige | |
| Sileenske flamingo | Phoenicopterus chilensis | Súdlik Súd-Amearika | gefoelich | |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
