Springe nei ynhâld

Grutte dûker

Ut Wikipedy
grutte dûker
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdûkereftigen (Podicipediformes)
famyljedûkerfûgels (Podicipedidae)
skaaidûkers (Podiceps)
soarte
Podiceps major
Boddaert, 1783
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel

De grutte dûker (Podiceps major) is in fûgel út de famylje fan 'e dûkerfûgels (Podicipedidae) yn it skift fan 'e dûkereftigen (Podicipediformes).

Grutte dûker yn Brazylje.

De grutte dûker is lykas de namme al seit in grutte soarte yn it skaai mei in lichmslingte fan mar leafst 67 oant 77 sintimeter. Hy hat fierder in lange en tige smelle readbrune hals mei in donkere streek yn 'e nekke, in lange dolkfoarmige snaffel, in grize kop mei in readbrún each, in donkere rêch en in wyteftige ûnderkant. Bûten de briedtiid is it gesicht ljochter.

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grutte dûker komt foar yn it suden fan Súd-Amearika. Hy wurdt ferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

  • Podiceps major major – komt foar fan it suden fan Brazylje oant it suden fan Argentynje en sintraal Sily, en ek yn 'e kustkriten fan Perû.
  • Podiceps major navasi – komt foar yn it suden fan Argentynje en it suden fan Sily.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Folwoeksen fûgel dy't in jonge fûgel fuorret.

De grutte dûker libbet yn in grut ferskaat oan ferskillende soarten wettermiljeus, fan rotseftige kusten en sompige riviermûningen oant ynlânske rivieren en marren. De fûgel dûkt nei fisk en oare wetterdierkes en pakt bytiden ek wolris in pyk fan oare wetterfûgels, foaral fan markols.

De measte populaasjes briede tusken oktober en jannewaris, ôfhinklik fan 'e regio: wat mear nei it suden, wat letter der bret wurdt. By in isolearre populaasje yn Perû wurdt der fan septimber oant oktober bret mei mooglik in twadde lechsel yn jannewaris of febrewaris. In lechsel bestiet út trije oant fiif of somtiden seis aaien. Bûten de briedtiid kinne de fûgels groepen foarmje fan wol hûnderten fûgels.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar Natoerbeskerming (IUCN) klassifisearret de fûgel as net-bedrige (Least Concern) op 'e Reade List.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: