Grutte Zlatoust (Jekaterineburch)
Grutte Zlatoûst
Большой Златоуст | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
oblast | ![]() | |
plak | ![]() | |
koördinaten | 56° 50' N 60° 36' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1847-1876; weropbou 2006-2008 | |
sloopjier | 1930 | |
boustyl | Russysk-Byzantynske styl | |
offisjele webside | ||
bolshoi-zlatoust.ru |
De Grutte Zlatoust (Russysk: Большой Златоуст; Bolsjoi Zlatoust; ek: Grutte Krysostomus of de Tsjerke fan de Hillige Maksimiliaan), is in otterdokske tsjerke yn Jekaterineburch, Ruslân. De tsjerke waard fan ôf 1847 boud en yn de tiid fan de Stalin ferneatige. Yn de jierren 2006-2008 fûn de weropbou plak.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1839 ferneatige in brân yn Jekaterineburch de klokketoer fan de Hillige Geasttsjerke. It wie ynearsten de opstet om de tsjerke te rekonstruearjen mei in nije klokketoer yn klassisistyske styl. Mar nei't inkelde oare ûntwerpen it net hellen, waard by de besteande Hillige Geasttsjerke in klokketoer boud dy't ek as tsjerke tsjinst dwaan koe. Ynstee fan in aparte klokketoer waard de toer op de tsjerke sels boud. De bou duorre 29 jier en op 24 july 1876 wijde de biskop fan Jekaterineburch de twa alters fan de tsjerke.

Beide tsjerken bleaune yn gebrûk troch deselde parochy, de Hillige Geasttsjerke yn de winter en de Maksimilianustsjerke yn de simmer. Fanwegen de enoarme klok yn de toer, dy't yn de fiere omkriten te hearren wie, krige de nije Maksimilianustsjerke de bynamme "Grutte Zlatoust" (Grutte Krysostomus) en sa waard de âlde Hillige Geasttsjerke yn de folksmûle de Lytse Zlatoust neamd.
De tsjerke waard konsekrearre oan de martler Maksimilianus, ien fan de sân sliepers fan Efeze. Sint-Maksimilianus is net in populêre hillige yn Ruslân, mar de kar foar dizze hillige hie te krijen mei in besite fan hartoch Maksimiliaan fan Leuchtenberg oan Jekaterineburch. De hartoch wie in pakesizzer fan Napoleon I en troch syn houlik mei Maria Nikolajevna de skoansoan fan tsaar Nikolaas I. Maksimiliaan fan Leuchtenberg wie in wittenskipper en hy hie sels in lyts laboratorium yn it Winterpaleis. Njonken elektrisiteit wie de hertoch ek ynteresearre yn mineralen en om't hy yn 1844 de lieding krige oer it Ynstitút fan de Mynboukunde moast hy doe ek nei Jekaterineburch en by de minen yn de Oeral del. Yn Jekaterineburch mochten de lju de hartoch wol lije en nei't synt fertrek waard de tsjerke konsekrearre oan de nammehillige fan de hartoch, de hillige Maksimilanus.[1]
Nei de Oktoberrevolúsje waard yn 1920 it gebou troch de gemeentlike autoriteiten oernommen. De autoriteiten konfiskearre yn 1922 de weardefolle saken fan 'e tsjerke; dit brocht 745 kg. sulver en 234 kg. oan weardefolle stiennen op, dy't by de dekoraasje fan de ynrjochting brûkt wiene. Dêrnei joegen de autoriteiten de Grutte èn de Lytse Zlatoust oan de fernijers, in otterdokske beweging dy't troch de Russysk-otterdokske Tsjerke as kettersk beoardield en troch de bolsjewiken brûkt waard om religy te bestriden en hast gjin oanhing hie yn Jekaterineburch.
Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke is 32 meter lang en 24,5 meter breed en bekroand mei fiif sipels, wêrfan't de middelste de klokketoer ôfslút. Mei in oerflak fan 500 m² is der plak foar 2.750 leauwenden. It wie doedestiids it heechste bouwurk fan de stêd en de tsjerke soe neffens guon boarnen 77,2 meter heech west ha, lykwols by de weropbou die bliken dat dizze hichte net kloppet en de echte hichte moat 65 meter west ha.
Oarspronklik hie de Grutte Zlatoust gjin ferwaarming en winterdeis waar de Lytse Zlatoust as tsjerke brûkt. Yn 1897 waard der lykwols in ferwaarmingssysteem yn de tsjerke oanlein. Ek krige de tsjerke doe in nij portaal. u Yn de toer hongen 10 klokken mei in totaal gewicht fan 23,9 ton. De grutste klok hie in gewicht fan 16.625 kg. en hearde ta de grutste klokken fan it Russyske Ryk. De klok wie yn de fiere omkriten te hearren en fanwegen dy klok krige de Maksimiliaantsjerke de bynamme "Grutte Zlatoust" (Grutte Krysostom).
De sloop fan de beide tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under it útfynsel fan brekfalligens waard de Hillige Geasttsjerke al yn 1928 sluten en ferneatige. In diel fan it ynterieur waard oerbrocht nei de Grutte Zlatûst, dy't dêrnei gewoan Zlatoust kaam te hjitten. Yn itselde jier moasten ek de klokken fan de Zlatûst ferwidere wurde, de autoriteiten woene nammenlik ha dat der tidens it lûden kâns wie dat stikjes stien op de ynwenners falle koene. Uteinlik, op 17 febrewaris 1930, tidens de lannelike kampanje fan it sluten en ferneatigjen fan otterdokske tsjerken, waard de Grutte Zlatoûst sletten en sloopt. De frijkommen bakstiennen waarden brûkt foar de bou fan publike foarsjennings en op it plak fan de tsjerke waard in plein ynrjochte mei in byld fan Lenin en Stalin. Yn 1956 waard dizze byldengroep ferwidere, mar yn 1977 kaam op it eardere plak fan it alter fan de tsjerke in byld fan in lid fan de revolusjonêre beweging yn Jekaterineburch, Ivan Michailovitsj Malysjev.
Weropbou fan de Grutte Zlatoust[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op inisjatyf fan it Mynbou-Metallurgysk Bedriuw fan de Oeral en de Russyske Koper Maatskippij en mei de stipe fan de oerheid en de Russysk-Otterdokske Tsjerke waard yn 2006 it beslút nommen de Grutte Zlatoust wer op te bouwen. Mei help fan âlde tekeningen en ôfbylden waard yn de jierren 2006-2008 de tsjerke rekonstruearre. Hjirfoar moast it stânbyld fan Ivan Michailovitsj Malysjev oerbrocht wurde nei in oar plak. Op 14 oktober 2006 fûn ûnder lieding fan de aartsbiskop de plechtichheid plak foar it lizzen fan de earste stien. Yn augustus 2008 waard foar it earst de Godlike Liturgy fierd. Yn 2003 waard de tsjerke offisjeel iepene.
De klok dy't yn 2008 yn de Oeral getten waard hat in hichte fan 5 meter en in diameter fan 3 meter, is dekorearre mei de lêste keninklike famylje fan Ruslân en kin oant fiif kilometer fier heard wurde.
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Большой Златоуст
|