Grutte of Sint-Gertrudistsjerke
De Grutte of Sint-Gertrudistsjerke yn Warkum is de grutste krústsjerke fan Fryslân.
Dizze goatyske tsjerke ûntstie ein 15e iuw troch útwreiding fan in foargonger wêr't fierder gjin dielen fan oerbleaun binne. It âldste diel fan de hjoeddeiske tsjerke is de koer, dy't om 1480 ferriisde. Koart hjinei folgen transept en toer. Yn de 16e iuw waard it âlde ienbeukige skip ferfongen troch it hjoeddeiske trijebeukige hallenskip, dat ûnfoltôge bleau en oant 1946 ôfsluten wie mei in houten westgevel. Yn 2010 is begûn mei de restauraasje.
De frijsteande tsjerketoer waard begjin 17e iuw oanpast, mar bleau ek ûnfoltôge. Yn de toer hingje twa klokken. Yn 2007 bruts fan ien fan dizze klokken de jitizeren bingel ôf.
It besjen wurdich binne inkele gildebieren. Der binne ek acht monumintale lykbaren.
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Grutte Tsjerke, Warkum fan Wikimedia Commons. |