Grutte Tsjerke (Lier)
| Grutte Tsjerke Große Kirche | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| regio | ||
| lânkring | ||
| plak | Lier | |
| adres | Kirchstraße 14 | |
| koördinaten | 53°13' N 7°26' E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Evangelysk-Grifformearde Tsjerke yn Dútslân | |
| Arsjitektuer | ||
| boujier | 1785–1787 | |
| boustyl | barok | |
| monumintale status | ||
| Webside | ||
| Side tsjerklike gemeente | ||
| Kaart | ||
De Grutte Tsjerke (Dútsk: Große Kirche) is in tsjerkegebou fan 'e Evangelysk-Grifformearde Tsjerke yn 'e Dútske stêd Lier (East-Fryslân).
Foargonger
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarsprong fan 'e tsjerke giet werom op in om 1200 hinne boude tsjerke, dy't oan Sint-Liudger wijd wie op in plak dat no oan 'e westlike râne fan Lier leit. Dy proasdijtsjerke foel yn 'e midsiuwen ûnder it bisdom Múnster, mar yn 'e reformaasje keas Lier foar de grifformearde lear. De Liudgertsjerke rekke sûnt 1650 hieltyd mear yn ferfal, wêrtroch't jimmeroan mear renovaasjes nedich wiene. Boppedat ferskode Lier nei it easten yn 'e rjochting fan 'e haven, sadat de tsjerke hieltyd mear oan 'e râne fan it stedsgebiet kaam te stean. By in orkaan yn 1777 moasten de dûmny en de gemeente in tsjinst ôfbrekke en meitsje dat se de tsjerke útkamen om 't dy drige yn te stoarten. Alhoewol't de tsjerke letter noch brûkt waard, bleauwen in soad gemeenteleden fuort.
Hjoeddeiske tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei konflikten oer de nijbou op in sintrale lokaasje yn Lier karde de tsjerkeried lang om let op 1 juny 1785 de nijbou goed. De earste stien waard op 16 septimber 1785 lein en de tsjerke waard foar it earst op 15 july 1787 brûkt. Noch foardat de nije tsjerke foltôge wie, waard besletten om de âlde Liudgertsjerke ôf te brekken. Ut respekt foar de deaden waard de krypt fan 'e tsjerke sparre en it gebou waard net fierder as it grûnnivo sloopt. De krypt waard fersegele en bestiet oant hjoed de dei (begraafplak Plytenbergstraße). Yn 'e krypt is it âldste ferwulft fan East-Fryslân. De Grutte Tsjerke krige yn 1805 in 57 m hege toer.
Bou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De arsjitekt Isaak Wortmann ûntwurp in represintatyf tsjerkegebou yn barokstyl. De achthoekige plattegrûn, foarme as in dûbel Gryksk krús, makket it gebou ideaal foar de grifformearde tsjerketsjinst, dat it Wurd fan God sintraal yn 'e tsjinst stelt. Foarbylden fan sokke protestantske preektsjerken wiene de Nije Tsjerke yn Emden en de Noardertsjerke yn Amsterdam.
It dak fan 'e tsjerke wurdt troch fjouwer frijsteande pylders droegen. De romten tusken de fjouwer earmen waarden opfolle mei útwreidingen. Sa wurdt it mooglik makke om troch iepen rûne bôgen fan 'e iene nei de oare kreake yn 'e tsjerke te gean. De transepten ha elk twa grutte rûnbôgefinsters mei dêrboppe in rûn finster en de romten dêrtusken ha ien rûnbôgefinster. Oarspronklik hie de tsjerke fjouwer tagongen, mar de súdwestlike en súdeastlike binne letter tichtmitsele.
De klokketoer bestiet út in fjouwerkante basis mei twa achthoekige ferdjippings, dy't einigje yn in iepen lantearne. De wynwizer hat de foarm fan in sylskip, it saneamde Schepken Christi.
Ynrjochting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ut de foargonger is in grut part fan 'e âlde ynrjochting meinommen nei de nijbou. De ienfâldige ynrjochting is neffens de grifformearde tradysje. Sa ûntbrekt in alter en in krús. It ynterieur wurdt mei in flak houten tonferwulft ôfsletten.
It romaanske doopfont fan Bentheim sânstien datearret fan ± 1200. Ek de preekstoel en it oargel binne âlder as tsjerke. De renêssânse preekstoel waard troch Andreas Kistemaker boud en krige by de ferhûzing nei de nijbou in trep en in grut klankboerd. De nachtmielstafel mei rokokofersiering en fjouwer kroanluchters stamme út it jier 1787. De omrinnende kreaken omseame de hiele tsjerke. Under it oargel stiet de hearebank mei wapens en monogram fan it foarstehûs.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It oargel hat 48 registers op trije manualen en pedaal en it is it grutste oargel fan East-Fryslân. Yn 'e rin fan 400 jier is it faak fergrutte en de âldste pipen binne 16e-iuwsk. Greve Enno III droech it oargel yn 1609 oan 'e grifformearde gemeente fan Lier oer. It is ôfkomstich út it kleaster Thedinga en waard noch yn itselde jier troch Marten de Mare yn 'e grifformearde tsjerke yn renêssânsestyl opboud. De bekende oargelbouwer Albertus Antoni Hinsz fergrutte en ferboude it oargel, yn 1845–1850 troch Wilhelm Caspar Joseph Höffgen en yn 1953–1955 troch Paul Ott. Ahrend & Brunzema foltôgen yn 1966 it pedaal en it haadwurk, de beide rêchwurken waarden yn 1971 oplevere. Nei it wittenskiplik ûndersyk troch Jürgen Ahrend en de lânstsjerkemuzykdirekteur Winfried Dahlke yn it ramt fan in ûndersyk fan it Organeum yn 'e jierren 2006-2008, waard yn 2012 troch in ynternasjonaal gearstalde groep fan saakkundigen in restauraasjeplan opset. Dy restauraasje en fergrutting fan it oargel nei 48 regsiters waard yn twa fazes fan 2014 oant 2018 útfierd.
Klokken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn' e toer hingje fjouwer klokken: yn 'e klokkestoel trije grutte klokken fan 'e Bochumer Verein en yn 'e lantearne fan 'e toer bin lytse klok. De trije klokken liede foar de tsjerketsjinst en bysûndere tsjerklike gelegenheden. Fan 'e âlde klokken binne twa yn 1942 foardere en omraand foar de kriichsyndustry. De klok dy't efterbleau is yn 1956 ynruild nei Bochum foar de trije nije op inoar ôfstimde klokken.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch de:Große Kirche (Leer).
|
