Springe nei ynhâld

Grutte Boeda fan Tailân

Ut Wikipedy
Grutte Boeda fan Tailân
bouwurk
lokaasje
lân Tailân
provinsje Ang Thong
distriktWiset Chai Chan
plakWat Muang
koördinaten14°35′36″ N 100°22′40″ E
bysûnderheden
type bouwurkstânbyld
subtypeboedabyld
boujier19902008
oare ynformaasje
hichte92 m
breedte63 m
kosten฿104,2 miljoen
kaart
Grutte Boeda fan Tailân (Tailân)
Grutte Boeda fan Tailân
De lokaasje fan it byld yn Tailân.

De Grutte Boeda fan Tailân is in reuseftich byld fan 'e Boeda by it boedistyske kleaster Wat Muang yn it distrikt Wiset Chai Chan (ek transliterearre as Visejchaicharn) yn sintraal Tailân. De namme is yn it Taisk: พระพุทธมหานวมินทรศากยมุนีศรีวิเศษชัยชาญ (offisjele RTGS-transliteraasje: Phra Phuttha Maha Nawaminthara Sakkayamuni Si Wiset Chai Chan; âldere transliteraasje: Phra Phuttha Mahanawamintra Sakayamunee Sri Visejchaicharn, oersetting: "de Hear Boeda fan Wiset Chai Chan, Boud ta Eare fan Kening Bhumibol"; "Maha Nawaminthara" is de keningsnamme fan Bhumibol). It byld kaam yn 2008 ree. Mei in hichte fan 92 m is de Grutte Boeda fan Tailân wrâlds grutste boedabyld.

De Grutte Boeda fan Tailân stiet op it terrein fan it werboude boedistyske kleasterkompleks Wat Muang. It oarspronklike kleaster mei syn timpel waard yn 'e achttjinde iuw ferwoastge yn 'e Birmeesk-Siameeske Oarloch (17651767), doe't Birmeeske troepen Ayutthaya plonderen, de doetiidske haadstêd fan it Keninkryk Siam (no Tailân). Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw waard op it plak dêr't it kleaster ienris stien hie, in nij kleaster boud, dat yn 1982 ree kaam.

It boedabyld waard boud yn opdracht fan Phra Kru Vibul Arjarakhun, de earste abt fan it nije kleaster, dy't dêrmei kening Bhumibol fan Tailân earje woe. De bou waard hielendal finansierd út finansjele skinkings fan fromme boedisten dy't dat foar harrensels as in die fan fertsjinste beskôgen dêr't se goed karma mei opbouden. It budget bedroech likernôch 104,2 miljoen Taiske baht (omrekkene anno 2025 sa'n 2,8 miljoen). De bou fan 'e Grutte Boeda fan Tailân sette yn 1990 útein en duorre 18 jier. It kaam ree yn 2008.

De Grutte Boeda fan Tailân is hielendal makke fan beton, dat polyst is en beskildere mei goudferve. It byld is 92 m heech en 63 m breed. Mei dy ôfmjittings is de Grutte Boeda fan Tailân wrâlds grutste boedabyld, it heechste byld fan Tailân, en it op acht nei heechste byld fan yn 'e wrâld. It byld jout de Boeda wer yn in sittende lichemshâlding dy't de maravijaya-hâlding neamd wurdt. Om it byld hinne leit in tún dêr't loatusblommen bloeie (de loatus wurdt assosjearre mei de Boeda). Dêr steane ek mear (lytsere) bylden, dy't goaden, de keningen fan Tailân en foarfallen út 'e Birmeesk-Siameeske Oarloch fan 17651767 ôfbyldzje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.