Grutte Amerikaanske Utwikseling

De Grutte Amerikaanske Utwikseling of Grutte Amerikaanske Bioatyske Utwikseling (Ingelsk: Great American Interchange of Great American Biotic Interchange) wie in wichtige bioatyske útwikseling dy't plakfûn yn it Plioseen, likernôch 2,7 miljoen jier lyn. It omfieme de kolonisaasje fan Noard-Amearika troch soarten bisten dy't earder inkeld yn Súd-Amearika foarkamen en de kolonisaasje fan Súd-Amearika troch soarten bisten út Noard-Amearika wei. De Grutte Amerikaanske Utwikseling waard mooglik makke trochdat de fulkanyske Lâningte fan Panama opriisde fan 'e seeflier en sa de beide kontininten ferbûn mei in lânbrêge. Hoewol't der earder ek al op lytse skaal soksoarte útwikselings west hiene tusken Noard- en Súd-Amearika, nei alle gedachten fia see, naam it tal en it tempo fan 'e útwikselings troch it ta stân kommen fan 'e lânbrêge tige sterk ta. It resultaat wie dat de biogeografyske gebieten fan it Neotropysk gebiet (rûchwei Súd-Amearika) en it Neärktysk gebiet (rûchwei Noard-Amearika) oaninoar fêstkeppele waarden om 'e Nije Wrâld te foarmjen sa't wy dy hjoed de dei kenne.
De meast dramatyske ynfloed hie de Grutte Amerikaanske Utwikseling op 'e soögeografy fan 'e sûchdieren yn 'e Nije Wrâld, mar it liet ek de flechtleaze fûgels, swak fleanende fûgels, reptilen, amfibyen, lidpoatigen en sels swietwetterfisken net ûnberoerd. Allegearre krigen se de kâns om har nei nije wengebieten te fersprieden. Oan 'e kust en yn see libjende soarten fisken, fûgels, sûchdieren en reptilen waarden krekt tige negatyf troch dit barren beynfloede. Fan 'e see út sjoen sprekt men ek wol fan 'e Grutte Amerikaanske Skieding, mei't troch de isolaasje fan 'e Karibyske See fan 'e Stille Oseaan in protte soarten útstoaren, wylst oaren har meitiid yn twa ferskillende (Pasifyske en Atlantyske) soarten opspjalten.
Foarbylden fan soarten dy't har út Noard-Amearika nei Súd-Amearika ferspraten, binne: hynste-eftigen (no útstoarn), kamieleftigen (lama, alpaka, gûanako, fikûnja), tapirs, slurfdieren (no útstoarn), kateftigen (poema, jagûar, ensfh.), hûneftigen (moannewolf, boskhûn, ensfh.), baarcheftigen (pekarys), martereftigen (langsturtwezeling, Amazônewezeling, Kolombiaanske wezeling, ensfh.), bearen (brilbear), hazze-eftigen (Brazyljaanske knyn, Floaridaknyn, ensfh.) en beskate kjifdieren (iikhoarntsjes, mûzen en rotten, ensfh.). Foarbylden fan soarten dy't har út Súd-Amearika nei Noard-Amearika ferspraten, binne: grûnloaierts (no útstoarn), gurdledieren, beskate kjifdieren (kapybara, oerzon, ensfh.), opossums en skrikfûgels (no útstoarn).
Dat der yn it fiere ferline in Grutte Amerikaanske Utwikseling west hie, waard foar it earst yn 1876 oppenearre troch de Welske wittenskipper Alfred Russel Wallace, dy't wol oantsjut wurdt as de "heit fan 'e biogeografy". Hy kaam ta syn hypoteze nei't er fiif jier lang it Amazônegebiet yn Súd-Amearika ferkend hie en dêre biologyske spesimina sammele hie. Oare wittenskippers dy't bydroegen oan it begryp fan dit barren, wiene û.o. Florentino Ameghino, William Diller Matthews, William Berryman Scott, Bryan Patterson, George Gaylord Simpson en S. David Webb. It geologysk tiidrek fan it Plioseen as de snuorje wêryn't de Grutte Amerikaanske Utwikseling plakfûn, waard foar it earst yn 1910 op 't aljemint brocht troch Henry Fairfield Osborn.
Soartgelikense bioatyske útwikselings kamen earder yn it Senosoïkum foar: omtrint 56 miljoen jier lyn, doe't it Yndysk subkontinint en Jeraazje ien gehiel waarden, en 30 miljoen jier lyn, doe't Afrika fia it Sinaïskiereilân tsjin Jeraazje oan kaam te lizzen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |