Springe nei ynhâld

Grutte Aleksanderparkyt

Ut Wikipedy
Grutte Aleksanderparkyt
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famylje pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittacoidea)
skaai ealparkiten (Psittacula)
soarte
Psittacula eupatria
Linnaeus, 1766
IUCN-status: gefoelich
ferspriedingsgebiet
Oarspronklik ferspriedingsgebiet.

De Grutte Aleksanderparkyt (Psittacula eupatria) is in grutte parkyt út it skaai ealparkiten (Psittacula) út de famylje pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculidae). De fûgel is lânseigen yn Súd-Aazje en Súdeast-Aazje en ferneamd nei Aleksander de Grutte, dy't in soad fûgels út de Punjab nei Europa en oare mediterrane lannen brocht, dêr 't se tige wurdearre waarden as hûsdieren foar de boppelaach.

Grutte Aleksanderparkiten hawwe lykas de halsbânparkiten (Psittacula krameri) ferwyldere populaasjes yn in soad lannen yn it Midden Easten en West-Europa.

Kop fan 'e Aleksanderparkyt.

Grutte Aleksanderparkiten wurde 56 oant 62 sm lang en wege 200 oant 300 gram. De sturt allinne is tusken de 28 en 35 sm lang. De fûgels binne foar it measte grien mei in ljocht blaugrize gloed op 'e wangen en nekke en in gielgriene búk, in read plak op 'e skouders en in foarse reade snaffel mei giele punten. De boppekant fan 'e sturt giet fan grien boppe nei blau ûnder en giel op 'e punt. De ûnderkant fan 'e sturt is giel.

Tusken mantsjes en wyfkes bestiet ferskil. Folwoeksen mantsjes ha in swarte streek oer de wangen en in rôze bân yn 'e nekke, dy't by de wyfkes ûntbrekke. Juvenilen lykje op 'e wyfkes, mar ha koartere sturten.

Aleksanderparkiten binne fûgels dy't yn bosken, mangroves en boulân oant in hichte fan 900 m libje.

Der wurde fiif ûndersoarten erkend:

  • P. e. eupatria: West-Yndia, Súd-Yndia en Sry Lanka. (Nominaatfoarm.)
  • P. e. nipalensis: Eastlik Afganistan, Pakistan, Noard-Yndia, Sintraal-Yndia, East-Yndia, Nepal en Bûtan. Grutter as de nominaatfoarm en mear griisgrien, de achterkant fan 'e kop en de wangen binne blaueftich. Folwoeksen mantsjes ha in bredere swarte streek oer de ûnderwang.
  • P. e. avensis: Noardeast-Yndia, Bangladesj en Birma. Hat in lytsere snaffel as de nominaatfoarm. Mantsjes lykje op 'e P. e. nipalensis, mar de nekke en de ûnderdielen binne mear gieleftich en der is in smelle blauwe streek efter yn 'e nekke.
  • P. e. magnirostri: Andamanen en de Kokoseilannen. Wat grutter as de nominaatfoarm. Hat in gruttere snaffel en in helderder skouderplak. Mantsjes ha in smelle blauwe streek boppe de bân yn 'e nekke.
  • P. e. siamensis: Fjetnam, Kambodja, Laos en Tailân. Lytser as de nominaatfoarm mei in ljochter skouderplak. It gesicht en de nekke binne mear gielich. Mantsjes lykje op 'e P. e. avensis, mar de efterkant fan 'e kop en de nekke binne blaueftich.
Spantsje yn Andhra Pradesh.

Se ite sied, fruit, nuten, knoppen en blommen en kinne in soad skea feroarsaakje oan rypjend fruit en maisfjilden. Se libje yn lytse groepen, mar wêr 't genôch te fretten is binne de groepen grutter. Bûten de briedtiid kinne de oantallen op 'e sliepplakken foars tanimme.

Se briede yn it oarspronklike ferspriedingsgebiet fan novimber oant april yn beamholtes, dy't se somtiden sels meitsje mei harren snaffels. Ek briede se somtiden yn keunstmjittige holtes fan gebouwen. Se lizze 2 oant 4 aaien, dy't nei 24 dagen útkomme. De piken ferlitte nei 7 wiken it nêst en bliuwe dan noch in skoft by de âlders oant se 3 of 4 moanne âld binne.

Aleksanderparkyt yn Maharashtra, Yndia.

De IUCN klassifisearret de Grutte Aleksanderparkyt as gefoelich troch it ferdwinen fan it natuerlike biotoop, ferfolging en it finzen nimmen fan fûgels foar de yllegale hannel. De soarte komt net in soad mear yn it suden fan Yndia foar, is seldsum woarn yn Bangladesj en ferdwynt út it noardwesten fan dat lân en dielen fan Sry Lanka. De populaasjes binne noch it measte krompen yn 'e Pakistaanske provinsjes Sindh en Punjab, Laos, Noardwest- en Súdwest-Kambodja en Tailân. Waarnimmings yn Bangladesj, Tailân en noardwestlik en súdwestlik Kambodja binne mooglik fan frijlitten koaifûgels.

Aleksanderparkyt op in maisfjild.

Yn Yndia is de hannel fan 'e fûgel ferbean, mar der is in iepenlike hannel yn 'e fûgels op 'e merken yn 'e stêden. Yn Pakistan is de hannel yn 'e soarte net ferbean en dêr wurdt dus ek omraken hannele op 'e merken fan Lahore en Rawalpindi.

De Grutte Aleksanderparkiten binne relatyf populêre fûgels yn 'e avikultuer om 't se yn finzenskip oant wol 40 jier wurde kinne. Se binne boppedat boartlik en kinne de minsklike spraak neidwaan. Der wurdt oannommen dat Aleksander de Grutte sels in fûgel as hûsdier hold. Op de Yndiaaske merk binne it de meast populêre koaifûgels. Neffens gegevens fan CITES waarden tusken 1981 en 2014 teminsten 57.772 fan 'e soarte eksportearre nei lannen bûten it oarspronklike ferspriedingsgebiet.

De fûgel komt yn in soad lannen as eksoat foar. Yn Nederlân libbet ek in populaasje dy't stadichoan grutter wurdt. Mei wissens waard der yn 2006 foar it earst yn Amsterdam bret, mar oannommen wurdt dat dat al earder barde. Op in sliepplak yn it Amsterdamske Easterpark waarden yn 2021-2022 sa'n 600 fûgels telt. It oantal briedpearen telt yn Nederlân teminsten tsientallen. Yn West-Europa binne der ek yn Dútslân en it Feriene Keninkryk groeiende populaasjes.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en referinsjes ek op en:Rose-ringed parakeet