Grutte of Sint-Katarinatsjerke (Heusden)
| Grutte of Sint-Katarinatsjerke | ||
| Lokaasje | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| plak | Heusden | |
| adres | Burchtstraat 2 | |
| koördinaten | 51°43'N 5°08'E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| patroanhillige | foar de reformaasje: Katarina fan Aleksandrje | |
| Arsjitektuer | ||
| boujier | 14e iuw | |
| boustyl | gotyk | |
| monumintale status | ryksmonumint | |
| monumintnûmer | 22061 | |
| Webside | ||
| PKN Heusden | ||
| Kaart | ||
Net te betiizjen mei de Sint-Katarinatsjerke, in oar tsjerkegebou yn Heusden.
De Grutte of de Sint-Katarinatsjerke is de protestantske tsjerke fan it Noard-Brabânske fêstingsstedsje Heusden.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In tsjerke yn Heusden waard al yn 1210 neamd. Fan dy romaanske tsjerke bleau de toer oant 1944 bestean. Dy stie út it lead en bestie út in fjouwerkante basis dy't yn in achtkant feroare en yn 1587 ferhege waard. Yn 1328 waard in noardlike en súdlike sydskip tafoege. Yn 'e 15e iuw waarden it koer en de dwersskippen boud, dy't yn 1555 nochris útwreide waarden. Hjirby waarden speklagen mei ôfwikseljend bakstien en natuerstien tapast. Nei de stedsbrân fan 1572 waard de tsjerke restaurearre. De tsjerke waard yn 1579 troch de protestanten fan 'e katoliken ôfnommen. Yn 1628 waard it 15e-iuwske sydkoer oan 'e noardkant ôfbrutsen en tusken 1637 oant 1639 waard it koer fernijd.
Yn 'e nacht fan 4 op 5 novimber 1944 waard de toer troch de weromlûkende Dútsers opblaasd, wêrtroch't it westlike diel fan 'e tsjerke ferneatige waard. De toer en trije traveeën fan 'e tsjerke wiene ferneatige en waarden net werboud. Der waard in ienfâldige ôfsluting makke. De rest fan 'e tsjerke waard restaurearre en de omtrek fan 'e fûneminten fan it ferneatige diel waard yn 'e bestrjitting oanbrocht.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke hat in oantal 16e en 17e-iuwske grêfstiennen en tekstbuorden. Der is ek in restaurearre gildeboerd en der binne klokken út 1334, 1501 en 1518. In klok út 1412 hinget yn 'e krusingstoer.
Yn 'e tsjerke is in grêfmonumint fan baron Johan Theodoor van Freisheim, dy't fan 1711 oant 1733 gûverneur fan Heusden wie. It ûntwerp is fan Jacob Marot en it byldhouwurk is makke troch Jan-Baptist Xavery.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It monumintale Lohman-oargel waard tusken 1824 en 1828 boud foar de Bruorretsjerke yn Sutfen. Doe't dy tsjerke yn 1972 foar de earetsjinst sletten waard, is it oargel yn 1980 troch de Grutte Tsjerke fan Heusden oankocht en nei in restauraasje yn 1984 werboud.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
