Grutste-oerskottemetoade
De grutste-oerskottemetoade of grutste-breukmetoade is in metoade foar it evenredich tawizen fan sitten yn in wetjouwend orgaan lykas in parlemint.[1] It wurdt brûkt om sitten ta te wizen oan entiteiten lykas politike partijen en kiesdistrikten. De metoade neamt alles foar de komma folsleine of hiele sitten en alles nei de komma restsitten.[2]
De metoade wurdt yn Denemarken brûkt om nasjonale ferkiezingsrisseltaten te bepalen om sa lykmakkersitten ta te wizen. It is ek bekend as de Hamilton-metoade, neamd nei Alexander Hamilton, dy't de metoade yn 1792 betocht.[3] It is de tredde meast foarkommende tawizingsmetoade yn 'e wrâld (nei de D'Hondt-metoade en de Sainte-Laguë-metoade).[4]
Tapassing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ferkiezingsútslach neffens de grutste-oerskottemetoade kin berekenne wurde troch de ûndersteande stappen te folgjen.[5][6] De kiesdieler kin op ferskate wizen bepaald wurde. It meast evenredige risseltaat wurdt behelle wannear't inkeld de stimmen op partijen boppe de kiesdrompel meinaam wurde.
- Berekkenje de kiesdieler troch it totale oantal (effektive) stimmen op te tellen en te dielen troch it oantal te ferdielen sitten.
- Berekkenje it evenredige oanpart fan eltse entiteit troch har stimtal te dielen troch de kiesdieler.
- Bepaal hoefolle hiele sitten der oant no ta yn totaal ferdield binne troch de fraksjes efter de komma te skrassen.
- Wiis de restsitten ien foar ien ta op folchoarder fan de grutste oerskotten efter de komma.
By gelikense oerskotten moat in oare fêststelde rigel tapast wurde.
Praktykfoarbyld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dit rekkenfoarbyld is ôfkomstich fan 'e risseltaten fan 'e dielsteateferkiezings fan 2024 yn Saksen. 2.142.517 stimmen waarden útbrocht op 6 partijen om 119 sitten te ferdielen. De kiesdieler komt út op 18.004,34 stimmen de sit.
It oantal stimmen foar eltse partij wurdt dield troch de kiesdieler fan 18.004,34, wêrby't it risseltaat net ôfrûne wurdt om't alles efter de komma fuortfalt. It oantal hiele sitten dat op dizze wize berekkene is, wurdt byinoar opteld. Yn dit foarbyld jout dit 115 hiele sitten, fjouwer minder as de fereaske 119. De restsitten wurde dêrnei takend op folchoarder fan heechste oerskotten efter de komma. Hjirtroch krije alle partijen útsein SPD en BSW in restsit tawizen en komt it totaal wer op 119 sitten.
| Sitten | 119 | Grutste-oerskottemetoade | ||||
|---|---|---|---|---|---|---|
| Partij | Stimmen | E.O. | Hiele sitten | Oerskot | Restsitten | Totaal |
| CDU | 749.216 | 41, |
41 | 0,61 | 1 | 42 |
| AfD | 719.274 | 39, |
39 | 0,95 | 1 | 40 |
| BSW | 277.173 | 15, |
15 | 0,39 | 15 | |
| SPD | 172.002 | 9, |
9 | 0,55 | 9 | |
| Grüne | 119.964 | 6, |
6 | 0,66 | 1 | 7 |
| Linke | 104.888 | 5, |
5 | 0,83 | 1 | 6 |
| Totaal | 2.142.517 | 119 | 115 | 4 | 119 | |
| Kiesdieler | 18.004,34 | |||||
De Sainte-Laguë-metoade waard lykwols brûkt by de echte ferkiezing.[7]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Referinsjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- ↑ Waarom grootste overschotten eerlijker is (2 april 2021).
- ↑ Excursions in Modern Mathematics. ISBN 978-0-321-56803-8.
- ↑ Social Choice and Democratic Values. ISBN 9783319232614.
- ↑ Quota Methods of Apportionment: Divide and Rank. ISBN 978-3-319-64707-4.
- ↑ Comparing Proportional Representation Electoral Systems: Quotas, Thresholds, Paradoxes and Majorities on JSTOR
- ↑ The Politics of Electoral Systems | Oxford Academic
- ↑ Landtagswahl Sachsen 2024 - Ergebnisse und Analysedaten | tagesschau.de