Springe nei ynhâld

Grutste-gemiddeldemetoade

Ut Wikipedy
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


De grutste-gemiddeldemetoade, dielermetoade of diel-en-ôfrûnmetoade is in famylje fan ferdielingsrigels, ofwol algoritmen, dy't sitten yn in wetjouwende macht evenredich tawiist oan ferskate entiteiten (lykas politike partijen of regio's). De metoade ferdielt kiezers lykwichtich oer sitten troch de kiesdieler oan te passen oan it oantal ta te wizen sitten. De meast foarkommende metoaden yn Jeropa binne de D'Hondt-metoade en de Sainte-Laguë-metoade.

De metoaden binne rjochte op in lykweardige behanneling fan kiezers. Se berikke dat troch te soargjen dat eltse fertsjintwurdiger in ferlykber tal kiezers efter him hat. Dêrfoar wurdt it tal útbrochte stimmen dield troch de kiesdieler, dat is it tal stimmen dat nedich is foar ien sit. Op basis dêrfan ûntsteane de definitive ferhâldings. Sa bliuwt de fertsjintwurdiging evenredich: in partij mei bygelyks twa kear safolle stimmen sil yn de regel ek likernôch twa kear safolle sitten krije.

Binnen de grutste-gemiddeldemetoades binnen der ferskate farianten. Dizze litte ferskillende nivo's fan proporsjonaliteit, ferdielingsparadoksen en politike fragmintaasje sjen. Se minimalisearje de gemiddelde ôfwiking fan 'e sit-stimferhâlding op ferskate wizen troch ferskillend ôf te rûnjen. De Saint-Laguë-metoade lit minste ferdielingsparadoksen sjen yn ferliking mei de grutste-oerskottemetoade[1] en oare metoaden op basis fan grutste gemiddelden lykas de D'Hondt-metoade.

Meast brûkte metoaden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Binnen lannen mei evenredige fertsjintwurdiging binne de D'Hondt-metoade en de Sainte-Laguë-metoade de meast brûkte metoades. It ferskil tusken beide sit benammen yn de ôfrûning wêrby de standertôfrûning de meast evenredige útkomsten opsmyt.

D'Hondt-metoade Sainte-Laguë-metoade
Amerikaanske útfiner Thomas Jefferson yn 1792 Daniel Webster yn 1832
Jeropeeske útfiner Victor D'Hondt yn 1878 André Sainte-Laguë yn 1910
Ofrûning Gjin ôfrûning (altiten nei ûnderen ta) Standertôfrûning (tichtstbye gehiele getal)
Delerreeksprocedure Gehiele getallen: 1, 2, 3, 4 ensafuorthinne Uneven getallen: 1, 3, 5, 7 ensafuorthinne
Op it stuit (û.o) brûkt yn... Nederlân, Belgje, Eastenryk en Turkije Noarwegen, Sweden, Nij-Seelân en Dútslân
Sit-stimferhâlding Evenredich Tige evenredich

In oare metoade binnen de famylje fan grutste gemiddelden is de Imperiali-metoade, dy't tapast wurdt by Belgyske gemeenteriedsferkiezings. Dizze metoade jout lykwols in noch grutter foardiel oan gruttere partijen.

De ferkiezingsútslach neffens de grutste-gemiddeldenmetoade kin berekenne wurde troch de ûndersteande stappen te folgjen. De definitive kiesdieler kin it snelst bepaald wurde wannear't allinnich de effektive stimmen meinaam wurde. Dit binne de stimmen op partijen dy’t de kiesdrompel helle hawwe.

  • Berekkenje de kiesdieler troch it totale oantal effektive stimmen op te tellen en te dielen troch it oantal te ferdielen sitten.
  • Berekkenje it evenredige oanpart fan eltse entiteit troch har stimtal te dielen troch de kiesdieler.
  • Bepaal hoefolle hiele sitten der oant no ta yn totaal tawizen binne, troch de oanbelangjende ôfrûnrigel ta te passen.

Bin alle sitten op júste wize ferdield? Dan bist hjir al klear. Folgje oars de lêste stap.

  • Feroarje de fikitive parlemintsgrutte troch de kiesdieler oan te passen oan de lêste sit.

Hâld hjirby rekken mei de ôfrûnrigels. Hat in partij bygelyks 10 sitten helle? Diel it oantal stimmen op dy partij dan by D'Hondt troch 10 en by Sainte Laguë troch 9,5.

Praktykfoarbyld

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dit rekkenfoarbyld is ôflaat fan 'e risseltaten fan 'e dielsteatesferkiezings fan 2024 yn Saksen. 2.142.517 stimmen waarden útbrocht op 6 partijen om 119 sitten te ferdielen. De krekte kiesdieler, ofwol Hare-kwotum, komt út op 18.004,34 stimmen de sit. De Sainte-Laguë-metoade waard brûkt by de eigentlike ferkiezing.

Sainte-Laguë-metoade

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Sainte-Laguë-metoade begjint ek mei in kiesdieler fan 18.004,34 stimmen de sit. It oantal stimmen foar eltse partij wurdt dield troch dizze dieler, en it risseltaat wurdt standert ôfrûne. Yn dit foarbyld komt it totale oantal sitten op 120, ien mear as de fereaske 119. Om dit oerskot te korrizjearjen, wurdt de fiktive parlemintsgrutte oanpast. Mei in revisearre kiesdieler fan 18.105,47 wurde úteinlik de 119 sitten korrekt tawizen. De fiktive parlemintsgrutte is dan 118,34. De lêste sit giet nei de SPD wêrtroch CDU úteinlik útkomt op 41 sitten, om't se op in evenredich oanpart fan 14,38 útkomme.

Dielsteateferkiezings fan 2024 yn Saksen
Sitten 119 Sainte-Laguë-metoade[2]
Ofrûning Standertôfrûning
CDU 749.216 41,61 opgong 42 41,38 delgong 41
AfD 719.274 39,95 opgong 40 39,73 opgong 40
BSW 277.173 15,39 delgong 15 15,31 delgong 15
SPD 172.002 9,55 opgong 10 9,50 opgong 10
Grünen 119.964 6,66 opgong 7 6,63 opgong 7
Linke 104.888 5,83 opgong 6 5,79 opgong 6
Totaal 2.142.517 119 120 118,34 119
Kiesdieler 18.004,34 18.105,47

D'Hondt-metoade

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De D'Hondt-metoade begjint mei in kiesdieler fan 18.004,34 stimmen de sit. It oantal stimmen foar eltse partij wurdt dield troch dizze dieler, wêrby't it risseltaat efter de komma fuortfalt. It oantal sitten dat op dizze wize berekkene is, wurdt byinoar opteld. Yn dit foarbyld jout dit 115 sitten, fjouwer minder as de fereaske 119. Om dit tekoart te korrizjearjen, wurdt it parlemint fiktyf fergrutte. Mei in oanpaste kiesdieler fan 17.481,33 wurde alle 119 sitten úteinlik ferdield. De fiktive parlemintsgrutte is dan 122,56. De lêste sit giet nei Die Linke, dy't útkomt op 6,00.

Dielsteateferkiezings fan 2024 yn Saksen
Sitten 119 D'Hondt-metoade[3]
Ofrûning Net | Nei ûnderen
CDU 749.216 41,61 41 42,86 42
AfD 719.274 39,95 39 41,15 41
BSW 277.173 15,39 15 15,86 15
SPD 172.002 9,55 9 9,84 9
Grünen 119.964 6,66 6 6,86 6
Linke 104.888 5,83 5 6,00 6
Totaal 2.142.517 119 115 122,56 119
Kiesdieler 18.004,34 17.481,33

It ferskil yn risseltaten kin benammen ferklearre wurde troch ferskillen yn ôfrûning. Bygelyks, D'Hondt rûnet de 6,86 sitten fan Die Grünen net ôf. Hjirtroch falt de 0,86 efter de komma fuort. Sainte-Laguë rûnet de 6,66 sitten fan Die Grünen regulier omheech ôf nei 7. As gefolch hjirfan krije de twa grutste partijen, CDU en AfD, beide in ekstra sit tawizen ûnder D'Hondt yn ferliking mei Sainte Laguë. Dit giet ten koste fan de lytsere partijen SPD en Die Grünen.

Hoewol’t yn guon útlisfoarmen sprutsen wurdt fan restsitten nei de earste ferdieling mei de kiesdieler, kent de D’Hondt-metoade yn strikte sin gjin restsitten. Dy ûntsteane allinnich as skynbere tuskenstap mei in tydlike en in definitive kiesdieler. Yn feite is de D'Hondt-metoade ien trochgeande tawizing fan sitten oan partijen op basis fan heechste gemiddelde. De metoade hat hjirby (fiktyf sjoen) altyd in wat grutter parlemint nedich as de werklike grutte om't de wearden efter de komma fuortfalle.

Hoewol’t de Sainte-Laguë-metoade ek beskreaun wurde kin as in trochgeande tawizing fan sitten oan partijen, makket dizze metoade yn de praktyk wol deeglik gebrûk fan restsitten. Dat komt trochdat de útkomsten fan de berekkening ôfrûne wurde nei it tichtstbye hiele getal. Partijen mei teminsten in heale sit boppe in folsleine sit krije dêrby automatysk in restsit takend.

Proporsjonele kiesstelsels besykje sitten te ferdielen yn ferhâlding ta it oantal stimmen dat eltse entiteit krigen hat. Dit betsjut dat in partij of regio mei 30% fan 'e stimmen 30% fan 'e sitten krijt. Folsleine proporsjonaliteit is net mooglik, om't allinich hiele sitten tawizen wurde kinne.

De Sainte-Laguë-metoade lit empirysk it bêste proporsjonaliteitsgedrach sjen en in gelikense sit-stimferhâlding foar partijen fan ferskillende grutte. De ferhâldings binne bygelyks evenrediger as mei de D'Hondt-metoade, dy't grutte partijen befoardielt boppe lytse partijen.[4] Hoewol it befoarderjen fan grutte partijen politike fragmintaasje ferminderje kin, kin dêrfoar doelmjittiger in kiesdrompel of fraksjedrompel brûkt wurde.

By de D’Hondt-metoade is it lykwols mooglik dat in entiteit mear as ien sit tawizen wurdt boppe har evenredich oanpart. Dit wurdt oantsjutten as in oertreding fan 'e kwotumrigel. Dit set de proporsjonaliteit ûnder druk om't in oare entiteit dan in sit te min krije kin. By de Sainte-Laguë-metoade is de kâns dat in partij twa of mear sitten boppe har evenredich oanpart krijt praktysk nul.

  1. Fair Representation: Meeting the Ideal of One Man, One Vote (1982). ISBN 0-300-02724-9.
  2. (dú) Sainte-Laguë-Verfahren (3 septimber 2024).
  3. (dú) D’Hondt-Verfahren (13 septimber 2024).
  4. Seat bias formulas in proportional representation systems (6 septimber 2008).